Omrop Fryslân

Cambuur grutsk, nettsjinsteande ferlies: "2-2 was terecht geweest"

As der ris in kâns wie om punten te pakken tsjin Ajax, dan wie dat no. Dat wie it gefoel dat oerhearske by de spilers fan SC Cambuur nei ôfrin fan de wedstriid fan freed. De Ljouwerters ferlearen mei 2-3 fan de regearjend lânskampioen.
Pascal Bosschaart nei ôfrin fan de wedstriid:
De winnende goal foel pas yn blessueretiid troch in skitterjend skot fan Ajax-middenfjilder Ryan Gravenberch. "Misschien moeten wij iets eerder uitstappen. Het was een mooie goal, daar kun je weinig aan doen", seit ynterim-trainer Pascal Bosschaart fan Cambuur.

Grutsk

Cambuur spile in minne earste helte en stie nei 45 minuten mei 2-0 efter. "Dan zakt de moed je wel in de schoenen", seit Bosschaart. "We moesten bidden dat het niet meer werd, maar in de rust hebben we het geloof teruggekregen. Dat resulteerde in een goede tweede helft."
Benammen de 2-2 wie in kreas doelpunt. "Dat was echt een teamgoal. We zetten goed druk en Paulissen gaf de bal goed foor op Joosten." De trainer is grutsk op syn ploech. "We kunnen trots zijn op deze wedstrijd. 2-2 was terecht geweest, maar het is wel zuur dat wij aan het kortste eind trekken."

"Hiel sneu"

Om't de fêste doelman Sonny Stevens blessearre is, stie Pieter Bos by Cambuur op doel. Hy fynt it spitich dat syn ploech noch ferlern hat. "Dit is hiel sneu. It puntsje wie eins al binnen en dan krijst noch sa'n goal tsjin."
Pieter Bos is grutsk:
Bos wie oan it genietsjen yn de goal. "Yn de twadde helte binne we eins net yn de problemen kaam. Dan komst ek noch op 2-2 en dan tinkst hielendal: dit wurdt him. Dan bist oan it genietsjen: myn earste basisplak en it hiele publyk sjonge."
Bos hold der op it lêst noch in bal knap út, mar it wie net genôch foar trije punten. "Ik tocht fluitsje mar ôf, mar it mocht net sa wêze. Hjir hie in punt yn sitten."

Joosten: "We hadden een beetje geluk nodig"

Oanfaller Patrick Joosten seach fan de reservebank ôf dat Cambuur it dreech hie de earste helte. "Ajax had bijna altijd de bal, de eerste helft was lastig."
Nei it skoft kaam Joosten it fjild yn en hy skoarde ek noch: "Mitchel (Paulissen, red.) gaf hem perfect. Het hoekje was open. Dan is het voordeel van kunstgras dat hij gaat niet meer stuiteren, dus dan moet je gewoon je voet ertegenaan zetten."
Dochs wie syn doelpunt net genôch foar in punt. "Het is zonde. We hadden het gevoel dat er echt wat te halen was."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.