Omrop Fryslân

Cambuur mist trainer, doelman, ferdigeners en spits tsjin Ajax

It hat in roerige wike west by SC Cambuur. En dan nimme de Ljouwerters it freedtejûn ek nochris op tsjin koprinner Ajax.
"We hebben wel wat plekjes om in te vullen":
Dat moat gebeure sûnder de blessearre doelman Sonny Stevens, sûnder ferdigeners Doke Schmidt, Calvin Mac-Intosch en Maxim Gullit, sûnder spits Roberts Uldrikis én sûnder trainer Henk de Jong.
Dy lêste makke tongersdei bekend dat er dit seizoen net mear as haadtrainer op de bank sit: hy hat noch te folle lest fan de kyste yn 'e holle.

Bosschaart wer foar de groep

Assistint-trainers Martijn Barto en Pascal Bosschaart nimme de trainingen foarearst wer oer. "Dit is heel vervelend", seit de lêste. "Dit wensen we Henk niet toe. Maar het is goed dat hij nu rust neemt."
It nijs kaam foar Bosschaart ek as in ferrassing. "Henk is een type die voor honderd procent of nul procent gaat, daar zit niks tussenin. Maar we hebben dit niet aan zien komen."
We hebben al een keer vrijstelling gehad voor een aantal weken. De tweede keer zal niet lukken, denk ik.
Pascal Bosschaart
Ien fan de fragen dy't no ek nei boppen komme, is oft Bosschaart en Barto it seizoen as ynterim-trainer ôfmeitsje meie. Dêr giet de KNVB oer.
Bosschaart: "Dat wij nú verder gaan, is een feit. Maar wij hebben nog niet de vereiste papieren. We hebben al een keer vrijstelling gehad voor een aantal weken. De tweede keer zal niet lukken denk ik, dus zal er iemand met de goede papieren bij moeten komen."

Cambuur krijt de tiid

Technysk manager Foeke Booy seit dat Cambuur even goed de tiid nimt om de situaasje mei spilersgroep en trainersstêf te bepraten. Neffens Booy sil de KNVB Cambuur de tommeskroeven net oandraaie en kin dy tiid ek naam wurde.
"Het is een moedig besluit van Henk en zijn familie":
Booy hat sels ek in trainerslisinsje, mar op dit stuit leit it net foar de hân dat hy it oernimme sil fan Henk de Jong.
We maken altijd een plan om te winnen.
Pascal Bosschaart
En dan komt Ajax dus ek noch op besite. Earder dit seizoen ferlear Cambuur mei 9-0 yn de Johan Cruijff Arena. Dat net wer, seit Bosschaart. "We willen niet weer met 9-0 op onze kloten krijgen. Wij denken dat wij een goed plan hebben bedacht. Wat dat plan is? Dat zie je morgen wel. Maar we maken altijd een plan om te winnen."
It doel is dus om te winnen. "Daarvoor ben je toch op voetballen gegaan?"

Gjin Schmidt en Mac-Intosch

Cambuur moat puzelje yn de efterste liny. Doke Schmidt hat krekt corona hân. Hy sit wol freed by de seleksje, mar spylje soe neffens Bosschaart "niet verstandig" wêze. Ek Calvin Mac-Intosch spilet net: hy is skorst. Syn ferfanger is Marco Tol. Roberts Uldrikis en Maxim Gullit binne ek noch blessearre.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Ajax begjint freedtejûn om 20.00 oere. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar fan it duel, dat live te folgjen is yn in ekstra radioprogramma op Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.