Omrop Fryslân

Brânstof is rôversguod: yn Noardwest-Fryslân oanjefte dien fan stellerij

De plysje fan Noardwest-Fryslân hat tongersdei in earste oanjefte binnenkrigen fan it stellen fan brânstof by in persoane-auto.
© Shutterstock.com (CEPTAP)
De plysje leit de link mei de tanimming fan de brânstofprizen fan de ôfrûne dagen, troch de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne. De trochsneed advyspriis fan benzine is yn de ôfrûne dagen tanaam ta sa'n 2,50 euro en dy fan disel nei 2,38 euro.
Wês dêrom wach, sa warskôget de plysje: brânstof is rôversguod. De plysje freget minsken om 112 te beljen as sy in fertochte situaasje sjogge.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.