Henk de Jong dit seizoen net mear op de bank by SC Cambuur

Trainer Henk de Jong sit de rest fan dit seizoen net mear op de bank by SC Cambuur. Hy hat noch te folle klachten fan in kyste yn 'e holle.
It nijs komt hurd oan by de klup:
Troch de klachten kin De Jong net op 100 prosint funksjonearje, seit de klup. De Drachtster trainer sil him de kommende tiid rjochtsje op syn sûnens en werstel.
Yn desimber kaam De Jong foar it earst thús te sitten, nei't er klachten krige. Dat gong de goede kant op, wêrnei't er yn febrewaris werom wie. No blykt dat er dochs te folle lest hat.
Ik sil der no alles oan dwaan om wer topfit te wurden. Dan hoopje ik der begjin takom seizoen wer te wêzen.
Henk de Jong
"We hoege der gjin sneu ferhaal fan te meitsjen, want der binne folle slimmere dingen oan de hân op de wrâld", seit De Jong. "Foar my en ús is dit wol hiel ferfelend, mar op dit nivo kinst net mar diels funksjonearje."
Henk de Jong © Orange Pictures
"Ik sil der no alles oan dwaan om wer topfit te wurden. Dan hoopje ik der begjin takom seizoen wer te wêzen."

Safolle mooglik rêst

"Hoe vervelend dit ook is, de gezondheid van Henk staat natuurlijk voorop", seit algemien direkteur Ard de Graaf. "In goed overleg hebben we besloten dat hij daar nu alle tijd en ruimte voor krijgt. Daarbij verzoeken we ook om Henk zoveel mogelijk deze rust te gunnen en als club gaan we ons intern beraden over de invulling van de technische staf voor de rest van het huidige seizoen."