Omrop Fryslân

Fryslân riedt him yn ûnwissens ta op flechtlingen út Oekraïne

Fryslân makket him klear foar in flechtlingestream út Oekraïne. Alle feilichheidsregio's moatte 2.000 flechtlingen opfange. Yn Grou en Hitsum wurdt alles op alles set om de flechtlingen in plakje te jaan, mar der is noch in soad ûnwis.
Grou en Hitsum riede har ta op it opheinen fan flechtlingen:
"Goodmorning, how are you?" Mei in grutte swaai slacht Jitty van der Werf de doar fan in fakânsjehúske iepen. It húske stiet op it hiem fan har pleats yn Hitsum.
Binnen sitte Issam en Anastasia út Kiev. De oarloch hat har ferdreaun en sy moasten harren 18-jierrige dochter yn Kiev efterlitte. Dy woe net mei, om't har freon bliuwe moast. Dy sit yn it leger en moat fjochtsje tsjin de Russen.
It is hiel swier foar ús. It is krekt of sitst yn in film. Eltse dei binne je benaud dat der in bom op je hûs falle kin.
Issam, fan Kiev
"It is hiel swier foar ús", seit Issam. Hy en Anastasia binne mei de auto nei Nederlân kaam. Fia Facebook kamen sy op it nûmer en de namme fan Jitty. Sy woe de twa opnimme. Libje yn in oarloch is dreech. "It is krekt of sitst yn in film. Eltse dei binne je benaud dat der in bom op je hûs falle kin. Je kinne net sliepe en dat is swier."
Nei in lange tocht binne Issam en Anastasia feilich yn Nederlân. "Dêr hoegde ik net lang oer nei te tinken", seit Jitty van der Werf. "Je sjogge de bylden op it nijs en dan wolle je wat dwaan. De iene jout klean en de oare hat in romte oer. Wy hawwe ferskate húskes en dus kinne sy foarearst hjir bliuwe."
Issam en Anastasia
© Omrop Fryslân
Al meardere minsken hawwe har meld om ek flechtlingen op te nimmen. "It wurket sa in bytsje as in trochskolokaasje. Ik ha yntusken mear as tsien Oekraïners hjir yn Fryslân rûnbrocht."
Jitty van der Werf oer de opfang
Mar yn de oarloch is it dreech om te sizzen hoelang't de flechtlingen bliuwe. De oarloch kin lang duorje en nei de oarloch is alles stikken yn it lân. "Al bliuwe sy hjir in hiele tiid. Dan help ik se mei de yntegraasje. Earst dit mar, de rest komt letter wol."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Grou
Van der Werf docht alles op partikulier inisjatyf, mar yntusken komt de offisjele opfang fia de gemeente ek op gong. Veiligheidsregio Fryslân moat de kommende tiid 2.000 flechtlingen opfange.
Ien fan de lokaasjes dêr't dat barre moat, is Oer 't Hout yn Grou. Eigener Egbert de Boer is folop oan it wurk om alles rûn te krijen. "Mar ik haw werklik gjin idee wat der allegear komt", seit De Boer, wylst hy troch in grutte hal fol keamers rint.

"Mar sjen hoe't it komt"

Hy hâldt stil by in lytse keamer mei twa bêden. In frijwilliger is drok oan de gong om it bêd op te meitsjen. Grutte wite tekkens wurde oer it bêd lein. "It kin wêze dat der hûndert minsken oer tsien minuten komme, of dat der twa minsken takom wike komme. Ik wit it echt net. Ik haw plak foar sa'n 180 man en dan moatte wy sjen hoe't it komt."
Jitty van der Werf
© Omrop Fryslân
De Boer waard belle troch de gemeente oft it koe. "Wy hawwe de reservearringen ôfbelle om't sy mooglik trije moannen bliuwe. It kin ek folle langer wurde, mar ik ha wol lytse keamers. Dan duorje dy moannen lang. Mar wy sjogge hoe't it komt mei de opfang. Wy binne der yn elts gefal klear foar."
De flechtlingen yn Hitzum

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.