Earste Oekraynske flechtlingen opfongen yn Harns en op Skylge

Yn de Maritime Akademy yn Harns binne de earste flechtlingen út Oekraïne oankaam. De skoalle makke earder bekend dat se romte ha foar tritich minsken. In part dêrfan is al yn gebrûk.
Mem Aksana fertelt oer har ûnderfiningen op de flecht:
Direkteur Arjen Mintjes hat goede kontakten mei de maritime wrâld yn Oekraïne en besleat dêrom in part fan de ynterne húsfesting foar learlingen yn te rjochtsjen as opfang.

Mem mei tsien bern

"We ha juster in mem út Donetsk mei tsien bern ophelle út Amsterdam", seit Arjen Mintjes. "Dy ha we hjir op skoalle ûnderbrocht. We hienen de kontakten al mei minsken yn Odessa yn Oekraïne. Dat binne kollega's, dêr ha we mei wurke en se binne hjir traind. We ha se belle en sein dat we plak hawwe, mar se wolle absolút net fuort."
Arjen Mintjes (rjochts) mei de flechtlingen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Mintjes krige sneintemiddei fia-fia in Ingelsktalich sms-ke fan in Poalske jonge. "Dy sei dat in mem mei tsien bern ûnderweis wienen út Berlyn. Mei twa buskes binne we nei Amsterdam riden."
As ik it mei tsien bern rêd, kinne oaren it ek. Be brave.
Mem út Donetsk
Se ha in reis makke fan mear as fjouwer dagen en wienen hielendal stikken. "Se binne no feilich en it giet goed. De mem hie sein 'as ik it mei tsien bern rêd, kinne oaren it ek. Be brave." Oare Oekraïners kamen om as tolk te helpen.

Mei elkoar dwaan

Alle learlingen en âlden binne moandei op de hichte steld. "We moatte wat ynskikke, elk begrypt dat, we moatte it mei elkoar dwaan. We fange se op mei de gemeente en dêrnei sjogge we wat fierder mooglik is." Mintjes hat al mear telefoantsjes hân, der komme dus mear flechtlingen.

Oprop om jild te jaan

Hy docht noch in oprop om jild oer te meitsjen op Giro555. "Dêr ha de minsken it measte oan. Elk wol helpe, mar minsken ha mear ferlet fan opfang as frachtweinen mei klean. Dat is goed bedoeld, mar op dit stuit komme der hûnderttûzenen minsken oer de Poalske grins en dy flechtlingen moatte troch. Dy ha fjouwer dagen by de grins stien en se krije mar foar ien, twa dagen ûnderdak en dan moatte se fierder."
Arjen Mintjes
De opfang op Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ek op Skylge wurde flechtlingen út Oekraïne opfongen. De stichting Opvang Oekraïne-Terschelling is dermei dwaande. Dy stichting is in inisjatyf fan de Oekraynske Natalya Lukyanova, dy't ferline wike mei har mem út Kiev flechtsje moast, en har skoansuster Annemiek Waanders.
Waanders leit út hoe't de flechtlingen op Skylge terjochte komme. "Ze weten natuurlijk niet van het bestaan van Terschelling, laat staan dat ze hier zelf naar toe komen."

'Kom naar Terschelling, het is veilig'

Dat is dan ek it wurk fan har skoansuster, seit se. "Dit is in gang gezet door Natalya, er is door haar een netwerk opgezet binnen haar werkgroep, en dat verspreidt zich nu heel snel. Ze heeft een bericht verzonden: 'Kom naar Terschelling, het is veilig, ik heb mijn moeder erheen gebracht'."
Der binne yntusken al 35 ferbliuwen op it eilân beskikber foar de opfang fan de Oekraïners, by minsken thús. "En dat is nog steeds groeiende", seit Waanders.
Flechtlingen wurde opfongen op Skylge