Henk de Jong: "Cambuur mei wol wat brutaler wêze"
Cambuur spilet snein de útwedstriid tsjin FC Twente. Yn de basisopstelling sil Mees Hoedemakers ûntbrekke. De middenfjilder hat corona. Syn ferfanger sil Mitchel Paulissen wêze.
Henk de Jong:
Doke Schmidt en Patrick Joosten binne noch twivelgefallen. Doke Schmidt hat yn de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Fortuna Sittard de noas brutsen. Op de training fan freed hie Schmidt in masker op, mar trainer Henk de Jong wol noch besjen oft Schmidt mei dat masker ek in wedstriid spylje kin.
Noch ûnwis
"Ik haw Doke yn earste ynstânsje yndield by de reserves. Hy moat beoardielje oft hy spylje kin mei it masker. Dêr wol ik it noch mei him oer hawwe." As Schmidt net spylje kin is de kâns grut dat Jasper ter Heide syn ferfanger wurdt, mar dat kin ek noch Jhondly van der Meer wurde.
David Sambissa sil nei alle gedachten op it plak fan Patrick Joosten spylje. Oft Joosten spylje kin wurdt sneon noch besjoen.
It gie De Jong net nei 't sin
Op de training fan freed liet Henk de Jong him mei klam jilde. It gie him net nei it sin, sa fertelt hy. "Ja, der moast efkes wat barre. Omdat ik fyn dat wy in gouden medalje yn hannen hawwe. Allinnich, dy moat der wol komme. Do hast it ek yn de wedstriden sjoen. De earste trije minuten, tink ik: ja, kom op. En dat wie no yn de training ek sa. Dan moat ik der boppe op sitte. Wy binne mar hiel normale gasten mei-inoar, mar we meie wol wat brutaler wêze."
FC Twente is de klup dy't it hiel goed docht dit seizoen. De ploech fan trainer Ron Jans stiet fiifde mei 45 punten út 24 wedstriden.
Henk de Jong: "Ja, prachtige klup, grutte efterban. En Ron Jans docht it geweldich mei syn stêf. It is foar ús in útdaging. Ik hoopje dat it stadion hielendal fol sit. Dat is it moaiste wat der is. Lit mar komme. Wy kinne hjir ek resultaat helje. Ast by AZ in punt helje kinst, dan kin it hjir ek."