Reserves Cambuur winne oefenwedstriid fan Telstar
SC Cambuur hat yn in oefenwedstriid tiisdei mei 2-0 wûn fan Telstar. By de Ljouwerters diene benammen spilers mei dy't meastentiids op de bank sitte.
De beide doelpunten foelen yn de earste helte. Nei goed in healoere sette Michael Breij Cambuur op in 1-0 foarsprong. Fia in eigen doelpunten fan Anwar Bensabouh stie der mei it skoft in 2-0 tuskenstân op it skoareboerd. Dat wie wol tsjin de ferhâldings op it fjild yn.
Twa kear op de latte
Yn de twadde helte krigen de Ljouwerters noch wol inkelde goeie kânsen op de skoare út te wreidzjen. Dat slagge lykwols net, mei om't de latte twa kear rekke waard. Under oaren Tamás Kiss, Nick Doodeman, Marco Tol, Sekou Sylla, David Sambissa en Jasper ter Heide spilen de hiele wedstriid.
Snein giet de ploech fan trainer Henk de Jong op besite by FC Twente yn de Grolsch Veste.