Omrop Fryslân

Dûbeldekker mei Oekraynske flechtlingen oankaam yn Fryslân

De dûbeldekker út Bûtenpost mei Oekraynske flechtlingen is yn de nacht fan tongersdei op freed oankaam yn Fryslân. Op it stuit krije fjouwer flechtlingen plak yn ús provinsje.
De earste flechtlingen komme oan:
De bus ried tiisdei nei it Poalske Warschau om dêr flechtlingen op te pikken. De bus hie plak foar yn totaal sa'n 87 flechtlingen. Dêrfan binne der fjouwer hielendal meiriden oant Fryslân. De rest is ûnderweis op ferskate plakken útstapt by bygelyks famylje en kunde.

Gaos

"We hawwe in goeie rit hân", seit sjauffeur Rene Noordmans, dy't tegearre mei in kollega it riden ôfwiksele. "We hawwe wol in pear lytse stopkes makke, mar de minsken woene it leafst sa gau as mooglik nei it plak fan bestimming."
Sjauffeur Rene Noordmans
© Eigen foto
Neffens Noordmans wie der yn Warschau 'in protte gaos'. "Minsken wisten net wêr't se hinne moasten en wat se te wachtsjen stie."

Triennen

De sjauffeur hat in soad 'skrinende ferhalen' heard. "Benammen de fersleinens bliuwt my by en it gefal fan de man dy syn frou en bern fuortstjoerde om te oerlibjen", seit Noordmans. "Har man gie wer werom om te fjochtsjen."
Noordmans kin syn eagen hast net drûch hâlde wylst er it fertelt. "De minsken binne gewoan flechte yn in split second. Se pakke wat se meipakke kinne en se geane fuort. De rest bliuwt efter."
Sjauffeur Rene Noordmans
André Mintjes en syn frou
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De fjouwer flechtlingen wurde opfongen yn Fryske húshâldingen. André Mintjes is ien fan de minsken dy't syn hûs iepenstelt. Hy fangt twa flechtlingen op.
"Je stelt je voor hoe het is als het omgedraaid is. Mensen die helpen jou in een situatie waar voor jou geen uitweg is. Je moet ze helpen. Dat doen wij in dit geval", seit Mintjes.
"Het is het gevoel van dit moet gebeuren. Al waren het er 80 geweest. Dan had ik ook gezegd: die moeten allemaal hier liggen. Ze moeten gewoon kunnen liggen en slapen. En zorgen dat ze morgen iets beter wakker worden dan dat ze nu gaan slapen", seit Mintjes.
André Mintjes oer de opfang

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.