Bûtenposter bus nei Oekraïne foar flechtlingen: “Wy riede ús ta op fersleinens”

In dûbeldekker út Bûtenpost set tiisdei útein mei in rit nei de Oekraynske grins. Hinnereis nimt de bus helpguod mei, weromreis wol de bus 87 flechtlingen út Oekraïne meinimme.
De bus stie klear foar in spesjale reis:
It giet om in inisjatyf fan de 23-jierrige Drachtster Ernst-Jan van Reenen. "Wy seagen it nijs en ik sei tsjin myn heit: wy moatte dochs wat dwaan foar dy minsken. Wêrom geane wy dêr net mei in toeringcar hinne, sa't der goed wat minsken mei kinne?"
Hy naam kontakt mei oaren op en sa begûn it baltsje te rôljen. Der is in ynsammelaksje opset op helpguod byinoar te krijen en in bus fan Veenstra Reizen giet dy kant op.

87 flechtlingen oppikke

"Wy ride nei Medyka, oan de Poalsk-Oekraynske grins", leit Van Reenen út. "Wy ride de hiele nacht troch en hoopje woansdeitemoarn oan te kommen." De bedoeling is om by de grins flechtlingen op te pikken.
Inisjatyfnimmer Ernst-Jan van Reenen © Omrop Fryslân
"Der is plak foar 87 minsken. Is is de bedoeling om safolle mooglik minsken mei te nimmen." Uteinlik is it de bedoeling dat de flechtlingen nei de Jaarbeurs yn Utrecht brocht wurde, om't dat in sintraal plak yn Nederlân is.
Ernst-Jan van Reenen fertelt yn 't foar oer de aksje
"Der hawwe in soad minsken har oanmeld om opfang te regeljen. As alles meisit komme de minsken freedtemoarn oan yn Utrecht. Dan wurde sy ferdield en krije sy help." Ek in soad Friezen hawwe har oanmeld om opfang oan te bieden, fertelt Van Reenen. "Dat is wol hiel moai."
Flechtlingen by Oekraïne © Omrop Fryslân
Njonken helpguod geane der ek Oekraynske minsken mei. "Der is in frou dy't graach har dochter ophelje wol út Lviv. Wy hawwe kontakt mei minsken, mar it sil wol dreech wurde om de grins oer te kommen."
Sjauffeur Rene Noordmans
Op de bus ride twa sjauffeurs dy't inoar ôflosse. De tocht fan goed 1.400 kilometer is in oare reis as de fakânsjereizen dy't sy wend binne. "Mar it is in nommel doel", seit Rene Noordmans fan Veenstra Reizen, ien fan beide sjauffeurs.
It sil in oare rit wurde as dat er wend is. "Je binne in touringcarsjauffeur en je meitsje leuke trips mei minsken dy't in soad wille hawwe. No geane wy foar serieuze saken fuort."
Sjauffeur Rene Noordmans © Omrop Fryslân
"It is wat moreels, dat je dit dogge. Klear. Je krije de mooglikheid, dan moatte je it ek dwaan." Dochs nimt ek by Noordmans de spanning wol ta. "Wat treffe wy oan? Sis it mar. It is wol beskerme gebiet mei NAVO-militêren. It kin gaos wêze. Mar wy moatte der it bêste fan meitsje."
Ik bin in grutte fint, mar it kin bêst wêze dat ik wol efkes in trientsje litte moat.
Sjauffeur Rene Noordmans
Noordmans set him wol skrep. "Ik tink dat wy wol in soad fersleinens sjogge. Gean mar by dysels te rie: heit bliuwt efter, mem en bern wurde de grins oer set, wêr geane sy hinne. Ik besykje der mar neutraal yn te bliuwen, mar ik haw sels ek bern en bernsbern. Ik bin in grutte fint, mar it kin bêst wêze dat ik wol efkes in trientsje litte moat."
Flechtlingen by Oekraïne © Omrop Fryslân
It sil nei alle gedachten net by ien rit bliuwe. "As der in soad fraach is wolle wy takom wike noch wol in kear op en del, mar dan moatte wy der wol wis fan wêze dat der genôch plak is. Der giet ek noch in transport hinne," seit Van Reenen.
Wy wolle graach safolle as mooglik foar dizze minsken dwaan. Wy sjogge safolle skrinende bylden.
Ernst-Jan van Reenen
Van Reenen fertelt wat him ta dizze aksje beweecht: "Wy hawwe de smaak te pakken en wy wolle graach safolle as mooglik foar dizze minsken dwaan. Wy sjogge safolle skrinende bylden. Der wurdt sels misbrûk makke fan minsken, froulju wurdt meinaam en as sekswurkers brûkt. Dat is skandalich. Wy wolle minsken opfange."
Stelle jo it hûs ek beskikber om flechtlingen út Oekraïne op te fangen of witte jo fan ien dy't dit docht, dan binne wy benijd nei jo ferhaal. Lit it ús witte fia troch in mail te stjoeren nei redaksje@omropfryslan.nl.