FIDEO: Dokkumer Vlaggen Centrale krijt hûnderten bestellingen foar Oekraynske flagge
In protte minsken bestelle de lêste dagen Oekraynske flaggen by de Dokkumer Vlaggen Centrale. Dit hat fansels alles te krijen mei de Russyske ynfal yn Oekraïne.
Gewoanwei wurdt de flagge fan Oekraïne sa'n tsien kear yn it jier besteld. Troch de oarloch krijt de Dokkumer Vlaggen Centrale no hûnderten bestellingen binnen.