Fries yn Lviv: "Situaasje yn Oekraïne is hertferskuorrend"
Op de achtste dei fan de oarloch, oan it begjin fan de jûn, is it tsjuster yn de Oekraynske stêd Lviv. De strjitferljochting is dôve, de stimming ek.
De tsjustere hoarizon is in goed teken, want dat betsjut dat der gjin eksploazjes of brannen tichtby yn de omjouwing binne.
"As it alarm ôfgiet, dan moatte de lampen út en it gas en wetter ôfsluten wurde", fertelt Willem Nammensma, dy't yn Lviv wennet. En dan is it yn Lviv yn ferliking mei oare plakken yn it lân noch relatyf feilich.
Sabotaazjeklups
De direkte oarlochsdriging is der dan wol net, wol geane sabotaazjeklups troch de stêd hinne om it lân út in oare hoeke oan te fallen. "Dy hawwe it fansels net foarsjoen op minsken, mar op ynfrastruktuer. Dus echt wol de belangrike punten as de elektrisiteitsfoarsjenning, wetterfoarsjenning en soksoarte saken", seit Nammensma.
"Dat binne Russysk 'gezinde' lju, it kinne minsken út Wyt-Ruslân wêze, of Oekraïne sels. Juster is der in oantal út it easten fan Oekraïne oppakt, ôfrûne sneon wie it in groep út Wyt-Ruslân. It kinne ferskillende wêze, yn elts gefal Russysk 'gezind'", seit hy.
Minsken sitte yn de trein en witte gewoan net wêr't se jûn sliepe mei twa lytse bern. Dat is hertferskuorrend.
Tagelyk giet Nammensma noch gewoan nei it wurk ta. Omdat hy yn de itensfoarsjenning wurket en dus yn in earste basisbehoefte foarsjocht, hat it ministearje rjochtstreeks de opdracht jûn dermei fierder te gean.
Gjin gewoane wurkdei
Nammensma en syn kollega's binne allegear gewoan oan it wurk, mar it is net in gewoane wurkdei: "Je moatte mei safolle saken rekken hâlde. Bygelyks by it ynkeapjen, wat oars fia gewoane prosedueres giet, moat no frij ad hoc. We moatte fier foarút tinke en derop reagearje."
Noch lestiger is it logistike aspekt fan dy foarsjenning. Want hoe krije je de frachtweinen mei al it guod op it goeie plak? Nammensma kin dêr neat oer fertelle, mei it each op de sabotaazjeklups dy't de tafier fan it guod blokkearje kinne mei dy ynformaasje.
Flechtlingestreamen
De striid wurdt benammen yn it noarden, easten en suden fan Oekraïne fierd. Der komme dêrtroch grutte flechtlingestreamen nei Lviv.
"We besykje sa goed mooglik te helpen, mar it is wol hiel aaklik om sokke ferhalen te hearren. Fan 'e moarn ek: minsken sitte yn de trein en witte gewoan net wêr't se jun sliepe mei twa lytse bern. Dat is hertferskuorrend."
Willem Nammensma út Lviv wei