Frachtweinen fol guod út Fryslân ûnderweis nei Oekraïne

Ek op de achtste dei fan de oarloch yn Oekraïne binne wer ferskate Friezen yn it spier om de minsken yn it East-Europeeske lân te helpen.
In oersjoch fan it lêste nijs oer Oekraïne:
Sa wurde yn Seisbierrum frachtweinen fol laden mei ynbrocht guod en binne der bussen út Bûtenpost en Drachten ûnderweis om guod te bringen en flechtlingen op te heljen.
De famylje Nammensma yn Seisbierrum is drok dwaande mei it sortearjen en ynpakken fan al it ynbrochte guod foar Oekraïne. Woansdei wie de lêste dei dat minsken noch iten, klean, medikaasje en oare saken ynbringe koene. Der moat ek neat mear komme, want se sitte grôtfol.
It wie de bedoeling dat ien frachtwein dy kant op soe, mar dat wurde no fiif. De earste frachtwein is tongersdei fol laden en giet op wei nei Poalen. Fan dêrút wurdt it guod mei auto's nei Oekraïne brocht, nei Fries om utens Willem Nammensma. Hy wennet yn Lviv, yn it westen fan it lân, dêr't er wurket by in ierappelgruthannel.
Syn mem Karin Nammensma is yn Seisbierrum al dagen yn 't spier. Se hie nea tocht dat de ynsammelaksje sa'n grut sukses wurde soe. "Eigentlik alles dêr't wy om frege ha, is ek kommen." It guod wurdt ferdield oer hiel Oekraïne. "Dêr't se noch feilich komme kinne, dêr giet it hinne", seit Karin Nammensma.
Karin Nammensma oer de ynsammelaksje foar Oekraïne
In touringcar út Bûtenpost en in buske út Drachten binne yn Poalen om helpguod nei flechtlingen te bringen en flechtlingen mei werom te nimmen nei Nederlân. Om't it te gefaarlik wie om nei de Oekraynkse grins te gean, binne se no yn Warschau.
De oankomst wie goed, seit René Noordmans fan Veenstra Reizen. Se mochten fergees parkearje en fernamen earst noch net in soad fan de flechtlingestream, mar yn de hotellobby siet bygelyks in frou mei twa lytse berntsjes. Noordmans: "Doe hat myn kollega Erwin syn keamer earder ferlitten sadat dy de keamer krije koene en útrêste koene. Se hiene de hiele tocht makke út Charkov wei. Se hat my bylden sjen litten. It is net bêst."

Gjin tolk

Neffens Noordmans binne der noch net folle minsken yn Warschau om te helpen. "We wurde tusken tsien en alve ferwachte by it stasjon, dêr is in bepaalde romte klearmakke dêr't se minsken sammelje dy't nei Nederlân ta komme. Dan geane we sa gau as mooglik nei Nederlân en is de ferwachting dat we fannacht earne by Utert oankomme."
In ekstra tolk is der net. "Myn ûnderfining is dat de measte Oekraïners in aardich wurdsje Ingelsk kinne. In tolk nimt ek wer in plak yn fan in flechtling en wy wolle der safolle mooglik meinimme."
Bussjauffeur René Noordmans makket filmkes fan de reis:
René Noordmans fan Veenstra Reizen oer it opheljen fan de flechtlingen
Yn Fryslân geane de sammelaksjes foar Oekraïne yntusken troch: Lynn Outjes út Ljouwert komt mei in spesjale aksje foar de bern. "We willen graag dat er in elk rugzakje een tandenborstel komt met kindertandpasta komt, een kleurboek met stiften, een knuffel en misschien iets lekkers. De rugzak kan eenvoudig zijn en goedkoop, want hoe meer, hoe beter."
It guod sil úteinlik mei yn de frachtweinen fan de famylje Nammensma.
Lynn Outjes oer de rêchsek-aksje