Omrop Fryslân

Fan tsjerken oant skoallen: rûnom omtinken en aksjes foar Oekraïne

Op allerhanne plakken yn de provinsje is der omtinken en aksje foar de situaasje yn Oekraïne. Der wurdt helpguod sammele, tsjerken hâlde betinkingen en op skoallen wurdt der les oer jûn.
Fryske tsjerken komme yn aksje foar Oekraïne:
Op de sechsde dei fan de oarloch yn Oekraïne komme oeral yn de provinsje tsjerken yn aksje. Net allinne om te bidden, mar ek om te wurkjen oan it sammeljen fan helpguod, jild en opfang. Oan de ein fan de middei waarden massaal de tsjerkeklokken let, út solidêrens mei Oekraïne.
Bysûnder is dat der yn Himmelum in Russysk-Ortodoksk kleaster is, mei likegoed Russyske as Oekraynske leauwenden. Dêr wolle sy mei-inoar bidde: it kleaster wol frede yn Oekraïne en in ein oan it oarlochsgeweld.

Ora et labora

Woansdei kaam it regionaal bestjoer fan de Protestantse Kerk in Nederland yn Fryslân byinoar om oer de situaasje yn Oekraïne te praten.
Klassisdûmny Wim Beekman leit út dat it om 'ora et labora' draait. "Dat is het altijd geweest in de kerk. Als je bidt, dan moet je ook wat doen. Het helpen is misschien maar een druppel op een gloeiende plaat, daarom bidden we ook met elkaar dat we het niet alleen hoeven doen. En dat we daarin door de lieve Heer geholpen worden."
De Lekkumer tsjerke is iepen om helpguod yn te bringen:
De trijelingdoarpen Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren slaan de hannen yninoar om helpguod yn te sammeljen foar Oekraïne. De Lekkumer Sesiliatsjerke is de hiele wike tusken 16-17.00 oere iepen om guod yn te bringen en yn it wykein tusken 11-12.00 oere.

"Neat dwaan is gjin opsje"

De aksje is op tou set troch Ytsje Noordenbos, dy't yn de tsjerkerie sit. "Ik tocht, neat dwaan is gjin opsje, hjir moat ik wat mei, mar ik kin it net alline. Tsjerke is in plak fan besinning, mar ek fan help biede, dus dit is it plak dêr't it barre moat."
Der komme bygelyks tekkens, jassen en moanneferbân binnen. Jan Huitema fan Lekkum bringt guod fan syn soan mei, dy't yn Afganistan sitten hat. "Yn dizze legersliepsek hat myn soan slept yn de woestijn fan Afganistan, ik tink dat se dy yn Oekraïne ek goed brûke kinne."
Dûmny Maartje Wildeman fan Balk:
De protestantske gemeente fan Balk iepenet de doarren de kommende tiid ekstra. "Dat is wat de tsjerke docht sûnt de tsjerke der is: in plak biede om byinoar te kommen", seit dûmny Maartje Wildeman.
Minsken hawwe ferbining nedich, sa is sy fan betinken. "Je kinne de oarloch net oplosse mei ferbining, mar it helpt wol om derfoar te soargjen dat je der net allinne yn steane. Wy hawwe allegearre deselde fragen. De minske moat sykjen bliuwe nei frede."

De tsjerke yn Balk hat ûnderfining mei opheinen

De tsjerke is iepen foar elts dy't in ljochtsje opstekke, in praatsje meitsje of bidde wol. "It is hiel leechdrompelich. De minsken út it azc sille ek komme. Wat je leauwe makket net út, wy binne allegearre minsken."
Wildeman tinkt dat de tsjerken yn Nederlân wol wat betsjutte kinne yn de oarloch. "De tsjerken hawwe al lang kontakt mei de tsjerken yn Oekraïne, der wurdt fan alles organisearre. Tsjerken kinne in rol spylje by de opfang fan minsken, want dy hawwe in netwurk. Hjir bart it al jierren, om't it azc hjir is."
It Lauwers College yn Bûtenpost grypt de aktualiteit oan mei de les maatskippijlear. Learlingen hawwe in presintaasje holden oer de oarloch.
"Ik wie op fakânsje doe't ik it hearde. Ik seach op de telefyzje dat Ruslân Oekraïne binnenfallen wie, echt bizar", seit learlinge Anniek. De learlingen fine it wichtich om it konflikt te folgjen, om't it skiednis is dy't him yn harren eigen tiid ôfspilet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.