Lêste ynbring foar plannen âlde Cambuurstadion: "It fjild noch fiele"

Tribunen wurde wenningen yn it werynrjochtingsplan foar it âlde Cambuurstadion yn Ljouwert. Bewenners, organisaasjes en ûndernimmers ha de ôfrûne tiid mei de gemeente Ljouwert en in stêdeboukundich buro ien definityf plan makke fan ferskillende konsepten.
Ynformaasjejûn oer it gebiet by it âlde Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der binne 500 wenten pland yn it gebiet en dy slute oan op in park mei in fiver. Der wie ek ferlet fan mear grien en minder parkearromte. De sfear fan it stadion moat bliuwe mei nije strjitnammen en huzen om it fuotbalfjild hinne.

Belangstelling

Foar de lêste ynformaasjegearkomste fan de gemeente yn it stadion wie woansdeitejûn in soad belangstelling. Guon omwenners hawwe noch wol soargen. Sy tinke dat de bebouwing te heech wurde sil. Dêr is mei eardere ynformaasjejûnen al rekken mei holden, seit adviseur stêdeboukunde Wieger Postma fan de gemeente Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"We bouwe yn in besteande stêd. Dus der binne konfrontaasjes tusken it nije en it besteande", seit Postma. "Dy konfrontaasjes hawwe we mei de eardere ynformaasjemerken ta ús naam. Dat hat laat ta in pear oanpassingen, kwa bouhichten. Ik tink dat wy yn 'e mjitte komme oan wat wy doe heard hawwe."
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Postma ferwachtet gjin grutte feroaringen oan it plan foar in park mei huzen, foardat it nei de gemeenteried kin. De wenten om it fjild lûke neffens Postma de measte oandacht. "It postuer fan wat no it Cambuurstadion is, dêr't minsken aanst fan sizze kinne: 'ik wenje yn it stadion'. Dy fiele it fjild en de middenstip bliuwt dêr werom te finen."
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der kinne noch oant 6 april mieningen ynbrocht wurde. De gemeenteried sil der yn maaie of juny oer prate. It doel is om yn 2024 útein te setten mei bouwen.