Fuotbalfjild Cambuur bliuwt, ek nei sloop stadion
Op it plak fan it Cambuurstadion yn Ljouwert en de eardere fjilden fan VV Leeuwarden komme 500 wenningen as de fuotbalklup ferhuzet nei it noch nij te bouwen stadion oan de westkant fan Ljouwert.
Al mear as twa jier is de gemeente mei de bewenners fan de wyk yn petear oer hoe't it terrein ynrjochte wurde moat. Mei input fan de buert is in plan makke dat sneon te sjen wie op de iepen dei achter de eardere fuotbalkantine De Klomp. Hûnderten buertbewenners kamen om it stêdeboukundich plan te besjen en mei te praten oer de ynrjochting.
"Foar it plan ha we praat mei buertbewenners, ûndernimmers en Cambuursupporters", seit wethâlder Hein de Haan. Mei de fjilden fan it eardere VV Ljouwert is it in grut gebiet. "Der kinne flink wat wenningen komme dêr't ferlet fan is. De wyk wurdt in miks fan hierwenningen, huzen foar starters en minsken mei in middenynkommen. Elk moat der wenje kinne."
Sjoch nei de reportaazje
De wyk moat ek grien wurde. Yn it hert fan de wyk bliuwt it fuotbalfjild lizzen. Op it plak fan de tribunes komt heechbou. "It Cambuurstadion is de identiteit fan de wyk en dêrom ha we derfoar keazen om it fjild te hâlden." Neist de nijbou wurdt it Cambuurplein op 'e nij ynrjochte.
Yn 2023 moatte de earste wenningen der stean. "Ein dit jier moat it stêdeboukundich plan der lizze en dan kinne we fierder mei it ynrjochtingsplan en begjint de romtlike proseduere."
Yn de wyk liket wol aardich draachflak te wêzen foar de plannen, mar der is ek krityk op ûnderdielen. Guon buertbewenners fine dat de plande appartemintekompleksen te heech wurde. Wer oaren fregen de gemeente om foaral foldwaande bankjes del te setten yn it grien foar âldere buertbewenners.
"Dat binne no typysk winsken dêr't je rekken mei hâlde kinne. Dêrfoar binne we hjir." Njonken de ynformaasje oer de nijbou presintearren ek ferskate maatskiplike organisaasjes út de wyk harsels.
Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei wethâlder Hein de Haan