Sipke Hulshoff kin haadtrainer wurde yn de earedivyzje: "It is hiel konkreet"

Sipke Hulshoff sit yn in lúkseposysje. Hy is no trainer by de beloften fan Feyenoord, mar dy klup wol him takom seizoen as assistint-trainer by it earste alvetal. Hy kin ek haadtrainer wurde by in klup yn de earedivyzje.
De namme fan Sipke Hulshoff wurdt neamd by Go Ahead Eagles. Dêrneist sykje ek Heracles Almelo en Sparta noch in trainer foar kommend seizoen. Ien fan dat trijetal wol him oanstelle as trainer. "Dêr sit er ek tusken. It is hiel konkreet, mar ik wol der net folle oer loslitte."
Hearrenfean siket ek noch in nije coach foar nei dit seizoen, mar dat is neffens de Twizeler net oan 'e oarder. "By dizze kin ik sizze dat sc Hearrenfean op dit momint net spilet."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
"As it no it haadtrainerskip yn de earedivyzje is of assistint by in topklup. Beide binne hiel útdaagjend", fertelt Hulshoff út Rotterdam wei. "De tiid sil leare wat ik yn de takomst dwaan sil. Ik meitsje myn kar op gefoel."

"Ferdigenjend kwyt"

Dêr't alles by Feyenoord goed op 'e rit leit, is it mei de Fryske klups stikken minder. Cambuur hat al seis wedstriden op rige net wûn. "Benammen ferdigenjend is Cambuur it efkes kwyt", fynt sportferslachjouwer Andor Faber. Geert van Tuinen follet oan: "It is net allinnich de ferdigening. It begjint miskien al wol foaryn en seker op it middenfjild."
Sipke Hulshoff (rjochts) mei âld-topfuotballer Robin van Persie © ANP
Neffens Hulshoff is der gjin reden ta panyk foar de Ljouwerters. "Wy kinne net sizze dat se in min seizoen hawwe. Se binne sa goed as feilich nei 22 wedstriden. Dêr kinst dyn petsje allinnich mar foar ôfnimme."

"Twa foar tolven"

By de Feansters rint it ek foar gjin meter. De lêste seis wedstriden waarden ferlern en boppedat waard der net skoard. Sportferslachjouwer Roelof de Vries: "Ik fyn al hiel lang dat it fiif foar tolven is. Mar ik tink dat it yntusken twa foar tolven is. Ik freegje my ôf oft se dat by de klup sels wol trochhawwe."
Hearrenfean stiet no alfde mei noch seis punten foarsprong op it gefaarlike sechtjinde plak. Hulshoff: "Ik tink wol dat der wat gebeure moat, want dy ûnderste ploegen bliuwe no wol winnen."