Assistint-trainer Pascal Bosschaart: "Cambuur verdedigde niet op eredivisieniveau"

SC Cambuur hat sneon nei in spektakulêre wedstriid mei 3-4 ferlern fan PEC Zwolle. It wie alwer it sechsde earedivyzjeduel op rige dat Cambuur net wist te winnen. Neffens assistint-trainer Pascal Bosschaart leit it benammen oan it ferdigenjen fan de Ljouwerters.
Henk de Jong Pascal Bosschaart © Orange Pictures
Cambuur begûn de wedstriid hiel min en stie nei seis minuten al 0-2 efter. "Dan moet je ingrijpen. Gelukkig pakte dat goed uit. Je komt op 2-2 en gaat supergoed de rust in, alleen moeten wij ons afvragen of we verdedigen op eredivisieniveau."
Pascal Bosschaart wie net te sprekken oer de ferdigening fan Cambuur:
"Als je twee doelpunten maakt in Utrecht en je maakt er vandaag drie, maar je verliest beide partijen, dan is dat echt stof om goed over na te denken", seit Bosschaart.

Ferdigenje op twa meter

De technyske stêf en de spilers fan Cambuur sille de wedstriid tsjin PEC Zwolle goed analysearje. "De jongens moeten leren dat verdedigen niet op twee meter is. Dat gebeurt ons de afgelopen twee weken te veel."
Yn de slotfaze besocht Cambuur út alle macht om noch lyk te meitsjen. It slagge net: "We hebben opportunistisch gespeeld. We hebben er alles aan gedaan om nog een punt te halen."
Cambuur like op it lêst noch in penalty te krijen, mar de skiedsrjochter kaam dêr nei tuskenkomst fan de VAR op werom. Bosschaart woe der net te folle oer sizze oft dat terjochte wie of net. "We moeten niet over de scheidsrechter ouwehoeren. We moeten naar onszelf kijken."
Alex Bangura oer de wedstriid:
Ferdigener Alex Bangura wie it mei Bosschaart iens. "We scoren heel veel goals maar krijgen ook heel veel tegen", fettet Bangura gear. "We verdedigen heel belabberd."

"Iedereen weet dat het beter moet"

"Echt duels spelen, op leven of dood en zorgen dat die bal er niet in gaat. Dat ontbreekt er, scherpte", sa tinkt Bangura. "Iedereen weet dat het beter moet. Iedereen baalt als een stekker."
Neffens de linksback tinke de Ljouwerters net te maklik oer de wedstriden, no't degradaasje fier fuort is. "Het is niet gemakkelijk, iedereen begint scherp maar als we dan met zijn allen niet dekken voor de goal, wordt het een lastig verhaal."
Calvin Mac-Intosch makket him soargen:
"Je begint heel slecht, terwijl we wisten wat Zwolle ging doen", seit Calvin Mac-Intosch. Cambuur kaam wol wer op 2-2, mar joech it dêrnei wer fuort. "We hebben de hele wedstrijd onder controle. Maar als we zulke goals weg blijven geven is het heel moeilijk wedstrijden te winnen."

Soargen

Hoe't it kin dat it sa mis giet, wit de ferdigener net. "Als we het wisten, was het niet gebeurt, maar we moeten dit met zijn allen veel beter doen."
"Uiteindelijk staan we er nog steeds goed voor", fynt Mac-Intosch. Mar dat der al moannen net mear wûn is? "Dat baart wel zorgen."