Doelpuntleas Hearrenfean ferliest opnij: NEC te sterk
Sportklup Hearrenfean hat syn sechsde offisjele wedstriid op rige ferlern. De Friezen kamen boppedat opnij net ta skoaren. NEC wûn mei 1-0 yn it Abe Lenstra stadion.
Opstelling sc Hearrenfean: Xavier Mous; Milan van Ewijk, Ibrahim Dresevic, Nick Bakker, Lucas Woudenberg; Thom Haye, Siem de Jong, Nicolas Madsen; Rami Al Hajj, Sydney van Hooijdonk, Amin Sarr
Mei de nije oankeapen Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr yn de oanfal soenen de Friezen op syk nei goals. De lêste fjoerde nei fiif minuten it earste hurde skot rjochting it NEC-doel, mar de bal gong rjocht op doelman Brandenhorst ôf.
Letter yn de earste helte kamen der mear kânsen foar de ploech fan ynterim-trainer Ole Tobiasen. Siem de Jong skeat foardel, Rami Al Hajj syn skot waard keard en Sydney van Hooijdonk koe krekt net by in foarset fan Lucas Woudenberg.
Fiif minuten foar it skoft lei de bal der oan de oare kant yn. Elayis Tavsan kaam mei in counter op eigen helte yn balbesit, waard net oanpakt, dribbele op oant de râne fan it strafskopgebiet en koe doe úthelje: 0-1.
Kânsen yn de twadde helte
Hearrenfean kaam skerp út de klaaikeamers en besocht NEC fêst te setten. Ta kânsen kaam dat earst noch net. Pas nei tweintich minuten waarden de Friezen wer ris gefaarlik. Nei in knappe aksje skeat Van Hooijdonk foardel.
It wie in knappe faze fan Hearrenfean wêryn't mear kânsen kamen. Ynfaller Stevanovic kopte de bal yn de hannen fan Branderhorst en in kopbal fan Sarr fan tichtby gong oer.
As NEC der útkaam, wienen de besikers fuort gefaarlik. Ynfaller Vet koe krekt net by in foarset fan Tavsan om de 0-2 te meitsjen. Yn de slotfaze lei de bal der dochs yn: in frije traap fan âld-Hearrenfeanspiler Lasse Schöne fleach der yn ien kear yn, like it. Mar nei yngripen fan de VAR waard de goal dochs ôfkard: bûtenspul.
Seis punten boppe neikompetysjestreek
Nettsjinsteande sawat tsien minuten oan blessueretiid kaam Hearrenfean net mear yn de buert fan de lykmakker. De Friezen bliuwe stean op 25 punten en steane alfde. It ferskil mei de gefaarlike plakken is noch seis punten.