Omrop Fryslân

Hearrenfean wint oefenwedstriid fan FC Twente

Sportklup Hearrenfean wie freed yn in oefenwedstriid mei 2-1 te sterk foar FC Twente. It wie de earste wedstriid fan de Friezen sûnt it ûntslach fan trainer Johnny Jansen.
Aksje fan Nygren
© Orange Pictures
Op sportpark Skoatterwâld kaam Hearrenfean al fluch op efterstân troch in doelpunt fan Gijs Smal. Yn de 27ste minút makke Tibor Halilovic de lykmakker. Mei 1-1 op it skoareboerd sochten beide teams de klaaikeamers op.
Yn de twadde helte barde lange tiid net safolle. Nei 83 minuten brocht Benjamin Nygren dochs noch feroaring yn de skoare. De oanfaller makke der nei in pass fan Rami Al Hajj 2-1 fan. Dat wie ek de einstân.
By Hearrenfean makke de nije spits Sydney van Hooijdonk syn earste minuten yn it pompeblêdeshirt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.