Omrop Fryslân

FC Utrecht kaapt Henk Veerman by Hearrenfean wei

Henk Veerman ferlit sportklup Hearrenfean fuortendaliks en tekenet in kontrakt by FC Utrecht. Dat befêstiget de fuotballer oan Omrop Fryslân.
© Orange Pictures
De spits hie noch in kontrakt foar 1,5 jier by Hearrenfean. By FC Utrecht tekenet hy in kontrakt foar 2,5 jier. Neffens De Telegraaf betellet Utrecht 1 miljoen euro foar Veerman.

De Volendammer kaam yn 2015 nei Hearrenfean en skoarde doe yn trije jier 21 goals. Hy spile twa jier yn Dútslân foar Sankt Pauli en kaam dêrnei werom yn Fryslân. Yn dy oardel jier tiid skoarde hy foar Hearrenfean yn de earedivyzje 21 goals.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.