Xavier Mous krijt de foarkar as earste doelman by sc Hearrenfean

Xavier Mous is ek nei de winterstop de earste doelman fan sc Hearrenfean. "Ik heb de kans gekregen en die heb ik gepakt."
Johnny Jansen kiest foar Mous as earste doelman:
De 26-jierrige Mous, dy't it ôfrûne seizoen by PEC Zwolle under de latte stie, hat der nea in geheim fan makke dat hy nei sc Hearrenfean kaam is om basisspiler te wurden. Dochs joech Jansen oan de begjin fan dit seizoen noch de foarkar oan Erwin Mulder.
Mous: "Ik ben er hartstikke blij mee dat het nu officieel is en nu moet ik de lijn doortrekken."
Ferwachte opstelling sc Hearrenfean: Mous, Van Ewijk, Bakker, Van Beek, Kaib; Kongolo, Halilovic, De Jong; Musaba, Veerman en Stevanovic.
Erwin Mulder begûn it seizoen as oanfierder, mar rûn ein septimber in brutsen tomme op. Dêrnei hat Mous him prima ferfongen. Dêrom kiest Jansen nei de winterstop foar Mous as earste doelman.
Jansen: "We vinden dat Xavier het keurig heeft gedaan, hij heeft een goede periode neergezet en dat willen we doorzetten. Voor Erwin geldt dat hij natuurlijk teleurgesteld is. Hij moet zich nu weer terug knokken"
Mulder woe freed gjin reaksje jaan. Hy wol earst yn petear mei Johnny Jansen.
De wedstriid tusken FC Twente en sc Hearrenfean begjint sneon om 20.00 oere en is streekrjocht te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.
Xavier Mous oer syn rol as earste doelman:
FC Twente stiet op it sechsde plak en hat al 7 wedstriden op rige net mear ferlern. It lêste ferlies fan de ploech fan Ron Jans datearret fan 30 oktober.