Omrop Fryslân

Xavier Mous pakt syn kâns ûnder de latte by sc Hearrenfean

Xavier Mous makke yn de thúswedstriid syn FC Twente syn debút foar sc Hearrenfean. Yn de seis kompetysjewedstriden dêrnei hat er sjen litten in betroubere doelman te wêzen.
"Ik kan me niet neerleggen bij een rol als tweede keeper"
Earste doelman Erwin Mulder rûn yn de kompetysjewedstriid tsjin FC Twente in brutsen tomme op. Syn herstel duorret nei alle gedachten noch oant en mei de winterstop. Oant dy tiid stiet Mous tusken de peallen en heart er geregeld ta de útblinkers.
Mous: "Ik ben tevreden hoe het de afgelopen wedstrijden is gegaan en dan krijg je ook weer meer vertrouwen. Maar het is ook spannend, want het voelt nog steeds als een kans die ik probeer te pakken. Het enige wat ik kan doen, is keihard mijn best blijven doen en dan is het uiteindelijk aan de staf."
Ik wil graag spelen en ben iemand die daar alles voor doet en keihard blijft werken
Keeper Xavier Mous fan SC Hearrenfean
De keeper kaam de lêste twa seizoenen út foar PEC Zwolle, dêr't syn kontrakt ôfrûne simmer ôfrûn. By Hearrenfean hat er in kontrakt tekene foar twa seizoenen.

Yn earste ynstânsje waard er binnenhelle om de konkurrinsje oan te gean mei Erwin Mulder, dy't de lêste jierren de earste keeper wie. Mar by syn oanstelling wie al gau dúdlik dat Mous him dêr net samar by delleit.

Mous: "Ik wil graag spelen en ben iemand die daar alles voor doet en keihard blijft werken. Zo ben ik hier naar toe gekomen. En nu doet de kans zich voor en probeer ik die met beide handen te pakken."

Wat docht Johnny Jansen?

As Erwin Mulder nei de winterstop wer hielendal better is, wurdt it foar Johnny Jansen noch in lêstige kar wa't er op doel set.
Johnny Jansen oer de keeperskwestje:
Johnny Jansen: "Daar ben ik helemaal nog niet mee bezig. Het is nog maar november. Als Erwin eind december of misschien in het nieuwe jaar weer volledig fit is, zullen we tegen die tijd wel zien wat er gaat gebeuren. En dan moeten ze beiden maar uitvechten wie de nummer één is. Op dit moment is dat Xavier, want die doet het gewoon prima."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.