Cambuur hellet TOP Oss-ferdigener en hopet op Patrick Joosten

SC Cambuur fersterket him mei Sekou Sylla fan TOP Oss. Boppedat hopet de klup ek Patrick Joosten te hieren fan FC Groningen.
Sekou Sylla © Dijks Fotografie
Sylla is in linkerferdigener fan 22 jier. Hy hat in amateurkontrakt by TOP Oss en dêrom koene de Ljouwerters him fergees oernimme. Freed is Sylla medysk kard, Cambuur hat syn komst freedtejûn befêstige. Sylla tekenet foar oardel jier yn Ljouwert mei de opsje foar noch in jier.
De linkspoat spilet sûnt ôfrûne simmer foar TOP Oss yn de earste divyzje. Dêrfoar kaam er út foar Excelsior Maassluis.

'Soad potinsje'

"De kwaliteiten van Sekou sluiten goed aan bij het profiel van een linksback in onze manier van spelen", seit technysk manager Foeke Booy. "Het is een jonge speler met nog weinig ervaring in het betaald voetbal, maar wel iemand met veel potentie, energie en een uitstekende drive. Dat soort spelers passen in de basis heel goed bij onze club."

Patrick Joosten

Cambuur hopet noch mear saken dwaan te kinnen op de transfermerk. "We zijn in gesprek met FC Groningen", jout Booy ta. De Ljouwerters hoopje Patrick Joosten foar in healjier te hieren fan de Grinslanners. De oanfaller sit op in sydspoar en kin Cambuur mear opsjes jaan oan de linkerkant fan de oanfal.
Omdat Issa Kallon en David Sambissa no meidogge oan de Afrika Cup is der net folle kar.