Skilderij mei Abe Lenstra fûn, Museum Belvédère mei it tentoanstelle

It skilderij dat keunstner Jeanne Bieruma Oosting yn 1956 fan fuotballer Abe Lenstra makke, is boppe wetter. It krijt no in prominint plak yn in eksposysje oer Oosting fan Museum Belvédère op It Hearrenfean.
Jeanne Bieruma Oosting - 'Abe Lenstra' (1956) © Partikuliere kolleksje
It keunstwurk komt út de priveekolleksje fan âld-foarsitter Jan Smit fan fuotbalklup Heracles Almelo. It ferdwûn nei't hy it yn 2009 útliende. Op it doek is Lenstra te sjen yn it shirt fan SC Enschede, dêr't hy fan 1954 oant 1960 fuotbalde.
It skilderij dûkte wer op nei't der in soad media-oandacht foar wie. Dit nei oanlieding fan it ferskinen fan in biografy oer de yn 1994 ferstoarne Oosting skreaun troch Jolande Withuis. Presintator Johan Derksen hat bygelyks ferskate kearen oproppen dien foar it keunstwurk yn syn televyzjeprogramma Veronica Inside.
Museum Belvédère © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Assistint-konservator Susan van den Berg fan Museum Belvédère is tige bliid dat sy it wurk no tentoanstelle meie. Dat it oaljeferfdoek wer teplak wie, krige se te hearren fan sjoernalist Irene Overduin fan de Leeuwarder Courant. "Die heeft zich op het hele dossier gestort. Ze was echt een spin in het web en heeft met alle betrokkenen contact gehad."
Jeanne Bieruma Oosting heeft weinig sporttaferelen vastgelegd.
Assistint-konservator Susan van den Berg oer hoe bysûnder oft it skilderij is
Neffens Van den Berg is it om ferskate redenen in bysûnder keunstwurk. "Jeanne Bieruma Oosting heeft weinig sporttaferelen vastgelegd. En ook natuurlijk omdat Abe Lenstra erop staat. Die is heel interessant voor ons. Het is 'ús Abe', hè. Abe Lenstra had natuurlijk een legendarische status, helemaal in en om Heerenveen. En we vinden het een hele mooie manier om ons museum te linken aan Sportstad Heerenveen."

'Friescaise'

Jeanne Bieruma Oosting waard berne yn Ljouwert en oant har njoggende wenne se dêr oan de Wirdumerdijk. Dêrnei wenne se yn oare parten fan Nederlân. Ek hat se jierren yn Parys trochbrocht. Se neamde harsels in 'Friescaise'. "Daarmee geeft ze eigenlijk aan: ik ben zowel Fries als Francaise", fertelt Van den Berg.
De eksposysje mei de wurken fan Oosting iepenet op 9 april yn Museum Belvédère.
Assistint-konservator Susan van den Berg fan Museum Belvédère