Fryske derby yn sifers: fan Abe syn ferlies oant de rapste penalty ea

Foar it earst yn fiif jier steane SC Cambuur en sc Hearrenfean snein wer tsjinoer elkoar. Wylst de emoasjes as fanâlds heech oprinne, set Omrop Fryslân inkelde kâlde sifers op in rige.
Henk en Joey Veerman © Omrop Fryslân
De lêste spiler dy't mei de Fryske derby it net wist te finen, wie Arber Zeneli. Troch de Sweed, dy't tsjintwurdich útkomt foar Stade Reims, wûn sc Hearrenfean op 31 jannewaris 2016 mei 1-0 yn Ljouwert. Mei in prachtige úthaal fan de râne fan it strafskopgebiet liet hy doelman Leonard Nienhuis kânsleas.

Fuotbalrivaliteit

Goed 77 jier earder - op 10 oktober 1937 - rekke Fryslân foar it earst yn de ban fan de fuotbalrivaliteit tusken stêd en plattelân. Mei de 17-jierrige Abe Lenstra yn it gelid hie Hearrenfean dan wol in takomstige superstjer yn it team, mar dat koe net ferhinderje dat Ljouwert him dy middei mei in 6-3 oerwinning ta kampioen fan de provinsje kroande.
Abe Lenstra koe in ferlies yn 1937 net ferhinderje © ANP
Sûnt de oprjochting fan Cambuur yn 1964 hawwe beide Fryske betelle fuotbalklups 64 kear tsjininoar spile. Hearrenfean stapte 29 kear as winner fan it fjild, Cambuur wie 16 kear de sterkste. Oant en mei it seizoen 1989/1990 troffen beide klups elkoar altyd yn de earste divyzje. Oan de ein fan dat seizoen promovearre Hearrenfean fia de neikompetysje nei de earedivyzje.

Gjin jierlikse oangelegenheid mear

De lêste 25 jier is de Fryske derby gjin jierlikse oangelegenheid mear. Wylst sc Hearrenfean sûnt 1993 hieltyd yn de earedivyzje spile - nei de earste promoasje folge fuort degradaasje en twa jier letter wer promoasje - aktearet Cambuur foar it earst sûnt 2016 wer op it heechste nivo. Earder belibben de Ljouwerters trije koarte aventoeren yn de earedivyzje: 1992-1994, 1998-2000 en 2013-2016.
Alex Bangura helle yn snelheid fan 34,5 km/oere © Orange Pictures
As promovendus hat Cambuur oant no ta in geweldich seizoen. Net allinnich stiet de klup heger op de ranglist as Hearrenfean, mar ek hat it yn de persoan fan Alex Bangura de rapste spiler fan de earedivyzje yn de ploech. By in mjitting die bliken dat de linksback in snelheid fan 34,5 km/oere te heljen. Oan Hearrenfean-side wie Milan van Ewijk mei 34,1 km/oere de fluchste spiler.

Champions League en degradaasje

Hoewol't hast alle derbys memorabel binne, springt der ien wol tuskenút. Nea wie it kontrast tusken Hearrenfean en Cambuur nammentlik sa grut as op 30 april 2000. Op de ien nei lêste spyldei fan de kompetysje wûn Hearrenfean mei 2-0 yn Ljouwert troch doelpunten fan Valeri Popovitsj en Mika Nurmela, mei as gefolch dat de degradaasje fan Cambuur in feit wie en Hearrenfean him fersekere fan dielnimming oan de Champions League.
Dwight Lodeweges hat in ferline by beide klups © Orange Pictures
Mar fansels hie ek Cambuur glorieuze dagen yn de ûnderlinge konfrontaasjes mei de provinsjale rivaal. Sa stiet 26 jannewaris 2014 mei gouden letters yn de annalen fan de Ljouwerter klup. Mei Bartholomew Ogbeche as útblinker wûn Cambuur dy dei foar de earste kear yn de earedivyzje fan sc Hearrenfean. It waard 3-1.

Flugge strafskop

Noch datselde jier levere de Fryske derby in opfallend rekôr op. Op 19 oktober 2014 krige sc Hearrenfean nammentlik al nei 9 sekonden in strafskop, doe't Cambuurdoelman Nienhuis in oertrêding makke op Mark Uth. It is noch hieltyd de strafskop dy't it fluchst takend waard yn de earedivyzje. It duel einige yn 2-2.