Cambuur mist Kallon en Sambissa earste wiken nei winterstop
SC Cambuur kin yn de earste wedstriden nei de winterstop gjin berop dwaan op Issa Kallon en David Sambissa. De twa binne troch harren lân oproppen foar de Afrika Cup.
Kallon is ynternasjonal fan Sierra Leöane. In tal moannen lyn makke er syn debút foar syn heitelân. Sierra Leöane sit yn de pûl mei Ivoarkust, Algerije en Ekwatoriaal Guinea. Kallon mist yn alle gefallen de wedstriden fan Cambuur tsjin Sparta Rotterdam en AZ.
Dûbeld gefoel Booy
Mocht Sierra Leöane de pûl oerlibje, dan is de flugge oanfaller langer fuort. Technysk manager Foeke Booy seit in 'dûbeld gefoel' te hawwen. Oan de iene kant is er bliid dat Cambuur in ynternasjonal op sa'n eintoernoai hat, mar oan de oare kant fynt Booy it spitich dat de Ljouwerters him dêrtroch misse moatte.
Gabon easket Sambissa op
It ferhaal fan Sambissa is wat oars. Hy sit yn de Afrika Cup-seleksje fan Gabon, mar is al wiken blessearre oan syn knibbel. Cambuur woe him dêrtroch net ôfstean oan Gabon, mar de ynternasjonale regels binne sa dat it lân de spiler opeaskje kin.
Dêrom reizget Sambissa wol ôf. Booy baalt derfan, mar jout oan dat Cambuur it juridysk goed ôfkaart hat. Mocht Sambissa dochs yn aksje komme en wer blessearre reitsje, kin de klup mooglik in temjittekomming ferwachtsje.
Begjinne tsjin Sparta
Cambuur begjint op tiisdei 4 jannewaris mei de training. De earste wedstriid nei de winterstop is op snein 16 jannewaris thús tsjin Sparta.