Cambuur pakt in punt yn Almelo
SC Cambuur hat de earste seizoenshelte ôfsletten mei in lykspul tsjin Heracles. Yn Almelo einige de wedstriid yn 1-1. It is foar de Ljouwerters it allerearste lykspul yn de earedivyzje sûnt april 2016.
In earste serieuze kâns wie foar Cambuur nei 24 minuten doe't Uldrikis in frije traap fan Maulun op doel kopte. Doelman Blaswich koe de ynset knap keare. Dêrnei luts Heracles it inisjatyf wat mear nei him ta en kreëaren sy ek kânsen.
Haadrollen foar de keepers
Benammen de rêding fan Sonny Stevens op de ynset fan Sierhuis wie fenomenaal. De rêststân waard berikt sûnder doelpunten.
Ynfaller Breij skoart
Mei Michael Breij foar de teloarstellende Jamie Jacobs besocht Pascal Bosschaart it duel nei him ta te lûken. En dat slagge, doe't Breij binnen de oere mei in diagonaal skot de 0-1 oantekenje liet.
Heracles op jacht nei de lykmakker
Nei de iepeningstreffer reinde it kânsen foar de thúsploech. Sonny Stevens like de held te wurden. De kopbal fan Sierhuis gie mar in pear sintimeters njonken. It skot fan ynfaller Sinan Bakis waard troch Stevens mei de fuotten keard. Mar yn de 77ste minút makke Stevens in flater doe't er in skot fan Laursen losliet, de reboud wie foar Kiomourtzoglu 1-1.
En sa einiget Cambuur de earste seizoenshelte mei leafst 28 punten en steane de Ljouwerters boppe sc Hearrenfean. En dat soarget yn Ljouwert foar fleurige gesichten oan it krystdiner.