Omrop Fryslân

MKB Noord wol krapte arbeidsmerk oplosse mei ynternasjonale studinten

De krapte op de arbeidsmerk yn Fryslân nimt hieltyd fierder ta. Ynnovaasje en ynternasjonalisearring moatte fergrizing tsjingean, seit MKB Noord-foarsitter Joyce Walstra.
© Shutterstock / Industryviews
"Er zijn gewoon veel meer vacatures dan dat er mensen zijn", seit Walstra. "We hebben te maken met vergrijzing. Er zijn steeds meer mensen die uit het arbeidsproces stappen. Met name in het noorden neemt het aandeel jongeren eenvoudigweg af. "
Tongersdei waard bekend dat it tal WW-útkearingen yn Nederlân wer fierder omleech gie. Dat jildt ek foar Fryslân: it giet om in delgong fan fjouwer persint. Ein novimber wiene der 6.921 WW-útkearingen yn Fryslân.
Benammen de IT en technyk, ûnderwiis en de soarch wurde troffen troch de krapte op de arbeidsmerk. Der soene dêrom mear bedriuwen komme moatte yn dizze sektoaren, seit Walstra. "Dan komen er hier meer banen." Ek ynnovaasje is wichtich. "Groei komt door innovatie."

Ynternasjonalisearring

Ynternasjonale merken kinne der ek foar soargje dat de groei tanimt, seit Walstra. Datselde jildt foar bettere ynfrastruktuer. MKB Noord is dêrom ek wiis mei de fermelding fan de Lelyline yn it regearakkoart.
Mar der moatte ek minsken fan bûten komme dy't hjir wurk dwaan kinne. "We lijken het met ons eigen arbeidsvermogen niet meer te kunnen oplossen in de regio", seit Walstra.
"We hebben een aantal kennisinstellingen waar veel internationale studenten rondlopen. Die gaan veelal toch weer weg." Neffens Walstra moatte dizze minsken mear har wei fine nei it mkb. "Dat is een manier om internationalisering van de arbeidsmarkt, met opgeleide mensen, hier een impuls te geven. "
Joyce Walstra fan MKB Noord oer de krapte op de arbeidsmerk

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.