Minder WW-útkearingen yn Fryslân; personielskrapte nimt ta

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is yn oktober fierder ôfnaam. Tagelyk kamen der mear fakatueres en dêrtroch binne der mear personielstekoarten.
© ANP
It gie om 7.208 WW-útkearingen, dat is 2,1% fan de Fryske beropsbefolking. It tal WW-útkearingen naam ôf mei 240 (-3,2%) yn ferliking mei septimber. Benammen yn de soarch, kommersjele tsjinstferliening, ûnderwiis en gruthannel wienen der minder útkearingen.
Lanlik hienen 199.114 minsken ein oktober in WW-útkearing. Dêrmei is it foar de tredde moanne op rige leger as foar de coronapandemy.
It UWV wurket mei partners gear om wurksykjenden oan wurk te helpen. Dat dogge se ûnder oare troch minsken op te lieden foar oar wurk, wurk oars te ferdielen en minsken earder in kontrakt te jaan.