Brânbrief nei Buma: 'Bepraat lijende hoareka yn Veiligheidsberaad'
Hoarekaûndernimmers meitsje har grutte soargen oer it fuortbestean, no't it liket dat de jûnslockdown yn alle gefallen noch oant 8 jannewaris duorje sil. Yn Ljouwert hawwe se in brânbrief stjoerd nei boargemaster Sybrand Buma.
Se freegje boargemaster Buma om yn de lanlike oerlizzen, lykas it Veiligheidsberaad, de soarchlike situaasje troch te jaan. It giet om ûndúdlikens oer de maatregels, personiel dat ferdwynt en dat de stipe net genôch is.
De ûndernimmers fine it net earlik dat de hoareka hieltyd de grutste klappen krijt, seit Ton Eijer fan Ljouwerter ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland.
Der bestiet miskien wol it idee: we kinne maklik oan de knop draaie en as it fout giet, giet it dochs wol troch.
"Der wurdt maklik oan de 'knop' fan de hoareka draaid, omdat dizze sektor minder ekonomyske belangen hat as oare sektoaren by de regearing", seit Eijer.
'Te maklik tocht'
"Stel dat in hoarekaûndernimmer der ûndertroch giet en de saak giet ticht, dan freget de hierbaas: wa wol de saak oernimme? Dy jout de kaai oan de folgjende en dy giet dermei troch. Der bestiet miskien wol it idee: wy kinne maklik oan de knop draaie en as it fout giet, giet it dochs wol troch."
Boargemaster Buma hat tasein om de situaasje troch te jaan yn it oerlis fan de Veiligheidsraad. Folle mear kin er net dwaan, omdat de soargen oer de omikronfariant yn Den Haag hiel grut binne, seit er.
Ton Eijer fan Koninklijke Horeca Nederland
De hoareka yn de hiele provinsje hat noed oer omsetferlies troch de ferlinging fan de jûnslockdown dy't tiisdeitejûn nei alle gedachten troch it demisjonêr kabinet ôfkundige wurdt by de parsekonferinsje oer de coronamaatregels.
Dat betsjut dat ek mei de krystdagen alle restaurants om fiif oere middeis ticht geane. It komt net as in ferrassing foar de sektor, mar it wurdt der wol hieltyd dreger op, seit sjef-kok Marco Poldervaart fan 't Havenmantsje yn Harns.
Marco Poldervaart fan 't Havenmantsje ferwachte al in ferlinging fan de jûnslockdown: