Gemeente driget mei twangsom, hoareka Ljouwert dochs 20.00 oere ticht

De Ljouwerter hoareka sjocht ôf fan it plan om nei 20.00 oere de doarren iepen te hâlden. De gemeente makke dúdlik dat der oars in twangsom folget dy't oprinne kin oant 10.000 euro.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © Omrop Fryslân
"It is gewoan in twangmiddel fan de boargemaster", seit Ton Eijer, foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederland yn Ljouwert. Ut namme fan de hoareka yn de stêd makke hy earder op de dei bekend út protest tsjin de nije coronamaatregels de doarren iepen te hâlden nei 20.00 oere.
As de hoarekasaken beslute om wol iepen te bliuwen, sil foar de oertrêding in boete folgje. Dy soe dan fuortendaalks betelle wurde moatte. "Wy giene der net fanút dat de gemeente driigje soe mei in twangsom. Dat kin net ien betelje", ferklearret Eijer.

"Net ien sit te wachtsjen op in boete"

De hoarekafoarsitter joech oan dat der noch diskusje wie yn de appgroep mei de ûndernimmers. "Mar ik tink dat net ien in boete hawwe wol, dêr sit net ien op te wachtsjen. Dat is ek net it doel fan dizze aksje. Wat wy berikke wolle is omtinken foar de hoareka, dat der in petear op gong komt." De ûndernimmers soene ek gjin nocht yn ûngeregeldheden hawwe.

Omtinken

Boargemaster Sybrand Buma hat ek begrepen dat de hoareka in needgjalp oan in grut publyk bekend meitsje woene. "Dat hebben ze wel bereikt, het is in alle landelijke media voorbij gekomen. Het is heel duidelijk dat er hele grote zorgen zijn en dat men heel erg ontstemd is dat men weer de klappen krijgt in de coronacrisis."
Door de deuren open te houden bereik je meer polarisatie dan dat je een boodschap overbrengt.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert
Op sneontemiddei hat de gemeente lang oerlis hân mei de hoareka, ferklearje Buma en Eijer beiden. "Er is gekeken naar wat het doel en de gevolgen zijn van het middel, het open houden van de horeca. Dat middel is voor niemand plezierig. Door de deuren open te houden bereik je meer polarisatie dan dat je een boodschap overbrengt", sa fynt Buma.
Boargemaster Sybrand Buma erkent dat de gemeente it úteinlik net akseptearje sil. "De bedoeling van Ton Eijer is om aan te duiden: 'tot hier en niet verder.' Maar voor een gemeente is het zo dat als men aankondigt vrij massaal de regels te overtreden, de gemeente nooit kan zeggen: dit is goed. De gemeente zou de horeca niet open laten, na een aankondiging die zó scherp is neergezet."
Foarsitter Ton Eijer fan Koninklijke Horeca Nederland yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De gemeente giet der dus fanút dat der nei 20.00 oere dus gjin protest is. Buma: "Het mooiste is dat je voorkomt dat het zover komt. Ik heb de indruk dat we op dat pad zijn. Maar dit zijn wel mijn woorden. De horeca beslist uiteindelijk zelf wat ze doen."