RIVM meldt 860 nije coronabesmettingen yn Fryslân
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 860 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 270 mear as woansdei. Doe waarden 590 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 847 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 846 besmettingen, in wike lyn op 899.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Hearrenfean.
Lanlik
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 23.142. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 21.543. It oantal falt wat heger út troch in eardere steuring yn de kompjûtersystemen.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.