Omrop Fryslân

Weststellingwerf wol minsken helpe dy't yn problemen komme troch gasrekken

It kolleezje fan Weststellingwerf wol minsken helpe dy't troch de hege gasrekken yn finansjele problemen komme. Neffens wethâlder Marika Rikkers kin de bysûndere bystân dêrfoar brûkt wurde. Der komt ek jild foar it ferduorsumjen fan hûzen.
© Omrop Fryslân
Trochdat de gasprizen ynienen omheech giene, krije guon húshâldens it swier, is it boadskip fan it kolleezje fan Weststellingwerf. Ynwenners dy't yn de problemen komme troch de kombinaasje fan hegere enerzjyprizen, in hûs dat net goed isolearre is en in leech ynkommen, moatte dêrom stipe krije fan de gemeente, fine de fraksjes fan SDW en GrienLinks.

Isolaasje

Neffens ferantwurdlik wethâlder Marika Rikkers soene ek de Voedselbank en Stichting Leergeld helpe moatte. Dêrnjonken kin de bysûndere bystân brûkt wurde.
De VVD fynt dat bettere isolaasje fan hûzen helpe moat. Hjirfoar is in budzjet fan oardel ton beskikber foar yn 2022. Wannear't minsken dêr krekt in berop op dwaan kinne, wurdt noch bekend makke.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.