'Gaspriiskompensaasje net genôch foar lege ynkommens'

Mei de kompensaasje foar de hege gasprizen wol it regear minsken mei in smelle beurs temjitte komme. Mar krekt foar dy groep is elk tientsje dat ekstra útjûn wurde moat, der ien tefolle, seit Elly Wijnia fan IDO Harns.
Gasprizen soargje foar panyk by guon minsken
De hege rekkens sille derfoar soargje dat folle mear hûshâldens in berop dwaan moatte op de Voedselbank, is de foarsizzing fan Elly Wijnia fan IDO Harns, it Interkerkelijk Diaconaal Overleg.
"Ik werk met cliënten die nu net genoeg hebben. Dan komt daar een gasrekening bij die honderden euro's hoger uitvalt. Dan heb je niets aan een paar tientjes minder."
Wijnia brekt har de holle oer de problemen dy't har kliïnten tsjinkomme: "Deze hoge rekening komt zo bovenop alle andere verhogingen. De zorgpremie is ook gestegen bijvoorbeeld. Dat geeft al zorgen bij mensen. Ik weet dat er mensen in paniek zijn. Dat ze niet weten hoe ze de rekeningen moeten gaan betalen."

Kaartehûs

It is in kaartehûs dat maklik ynstoart, seit Wijnia. "Dan kunnen ze die ene rekening niet betalen en als gevolg daarvan een andere ook niet. Bedenk dat sommige mensen in de schuldhulpverlening zitten. Ze mogen dan geen nieuwe schulden maken want anders liggen ze er zomaar uit. Maar hoe dan?"
Mei de tips dy't oeral jûn wurde, kinne de kliïnten fan Wijnia neat, seit sy. "Ze zeggen dat de verwarming dan maar van 20 naar 19 graden moet. Maar die staat daar al op 18. Wat je krijgt is dat ze 'm helemaal niet meer aanzetten, met alle gevolgen van dien voor oude mensen, jonge kinderen of mensen die gewoon ziek zijn."
Ik verwacht echt dat veel mensen die nu niet naar de Voedselbank hoeven, daar straks wel op zijn aangewezen.
Elly Wijnia fan I.D.O. Harns
De oplossing is net samar foar hannen, wit ek Elly Wijnia. Se hâldt har hert fêst foar de kommende wintermoannen. "Ik verwacht echt dat veel mensen die nu niet naar de Voedselbank hoeven daar straks wel op zijn aangewezen."

Isolaasje

De minsken dy't al genôch jild ha ynvestearje op it stuit bot yn bettere isolaasje fan de hûzen. Isolaasjebedriuwen kinne it wurk kwealik oan. It bedriuw Koston Noord BV fan Sweins sjocht in stiging fan 20 persint yn it tal oarders. Dirk Jan Brouwer: "Je kinne echt fernimme dat sûnt it yn de polityk giet oer de hege gasprizen, wy it ekstra drok ha."
Minsken wolle no sa gau as mooglik isolearje om te besparjen op de rekken." It giet dan meastentiids om isolaasje fan de muorren mei pypskombaltsjes. Mar ek de isolaasje fan dakken bart no in soad. "It is ien dei wurk dy't je, ôfhinklik fan it waar, yn trije oant fiif jier weromfertsjinje. It kin maklik út."