Omrop Fryslân

FIDEO: Helikopterhuldiging yn ekstra útstjoering Cambuur Sjoernaal

De spilers en stêf fan SC Cambuur binne sneon huldige foar harren kampioenskip fan de earste difyzje. Fanwegen de coronamaatregels siet in tradisjonele huldiging op it Aldehoustertsjerkhof der net yn. Dêrom fleach it team mei helikopters oer Ljouwert.
De helikopterhuldiging fan Cambuur
By in Cambuur-fiering op it Saailân hat de plysje sneontemiddei yngrepen. De hurde kearn fan supporters fan de klup hie him op it plein sammele. By it yngripen rekke in plysje ferwûne, dy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.