'Kwart ôffal kontenerramp MSC Zoe noch net opromme'
Twa jier neidat 342 konteners oerboard sloegen fan it kontenerskip MSC Zoe, leit in kwart fan de troep noch altyd yn de Noardsee. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 bedarre yn swier waar 3,2 miljoen kilo ôffal yn sawol de Noardsee as de Waadsee. Dat moat sa gau as mooglik opromme wurde, seit Ewout van Galen fan Stichting De Noordzee. "Ook het onzichtbare afval in zee is schadelijk."

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it 342 konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.
Om de oandacht te fêstigjen op de noch altyd omdriuwende rommel út de konteners hat Stichting De Noordzee de foto 'Zou jij helpen als het kon?' presintearre. Dêrop is in man te sjen mei in ôffalgriper en in jiskepûde by de brâning, dy't oer de Noardsee útsjocht. De foto symbolisearret dat de oerheid yn novimber 2019 ophâlden is mei it oprêden fan it ôffal, dat ûnder mear op de Waadeilannen oanspielde.

"We zijn blij met de moeite die is gedaan en de 2,4 miljoen kilo afval die uit zee is gehaald", seit Van Galen. It mei neffens him lykwols net sa wêze dat allinnich it ôffal dat tafallich oanspielt of yn in fiskersnet bedarret, opromme wurdt. "Dat laatste levert zelfs gevaarlijke situaties op. En plastic afval vergaat niet, dus dit probleem verdwijnt niet vanzelf."
Neist it foarkommen fan nije kontenerrampen wol Stichting De Noordzee dat it haadstik 'kontenerramp MSC Zoe' netsjes ôfsletten wurdt. "En dat betekent: al het afval uit zee", seit Van Galen.