Oprop foar coldcase-saak fan Sicco Cuperus
Der is op 'e nij in oprop dien yn de fermissingssaak fan maresjaussee-meiwurker Sicco Cuperus. De frijwilligersorganisaasje SAR Nederland docht út namme fan de âlders in oprop oan minsken dy't wat witte, en dy't harren noch net meld hawwe, dat dochs noch te dwaan.
Sicco Cuperus ferdwûn op pinkstermoandei 9 juny yn it jier 2014. Syn auto waard fûn by it âld suvelfabryk yn Marrum. Der waard fuort grut ûndersyk dien en ek letter hawwe der ûndersiken west, mar dat hat neat opsmiten. Der wurdt no wer frege om ynformaasje oer Cuperus of de donkerblauwe auto dy't yn Marrum oantroffen waard.
De haadoffisier fan justysje hat in beleanning fan 15.000 euro tasein foar in gouden tip.