FNP: 'Ferkeapje Zalen Schaaf foar symboalysk bedrach oan kulturele ûndernimmers'

03 sep 2020 - 06:46

Moat de gemeente Ljouwert Zalen Schaaf foar in symboalysk bedrach ferkeapje oan de eksploitanten? Dizze proefballon liet de FNP woansdeitejûn op doe't praat waard oer de takomst fan it eardere teäter. Op it stuit is it plak by wize fan proef in kultureel brûsplak, mar it kolleezje fynt dat net helber foar de langere termyn.

Zalen Schaaf ferkeapje

In brûsplak is neffens it kolleezje te djoer en heakket kultureel sjoen neat spesjaals ta. It idee is om de priisfraach wer fan stâl te heljen om te betinken wat der dan komme kin, want it mei net sloopt wurde. Yn 2018 skreau it kolleezje in priisfraach út: minsken koene mei in oansprekkend plan komme foar de takomst fan Zalen Schaaf.

"Soad jild nedich"

Bobby Veenstra is op it stuit eksploitant en sjocht wól takomst foar Zalen Schaaf as kultureel brûsplak. Hy wol absolút net dat de priisfraach der komt. "We hawwe in soad ôfspraken mei partijen op it mêd fan edukaasje, sosjaal domein en ynnovaasje, mar we kinne neat konkreet meitsje, want dy priisfraach hinget ús hieltyd boppe de holle."

Veenstra stiet posityf tsjinoer it idee fan de FNP om Zalen Schaaf foar in symboalysk bedrach te keapjen. "Wol is der in soad jild nedich om alles wer yn goede steat te bringen. It hoecht net yn ien jier, it kin ek yn 10 jier, mar we moatte der dan wol goed oer neitinke."

Foto: Google Streetview

Om finansjeel út te kinnen, is it wol nedich dat Zalen Schaaf yn it wykein oant 1.00 oere nachts iepen is. Dêr binne guon omwenners lykwols poer op tsjin, fanwege de lûdsoerlêst. Neffens Veenstra soarget it oant letter iepen wêzen net foar mear oerlêst. "As we betider ticht moatte, dan moatte al dy 800 oant 1000 minsken tagelyk nei bûten ta as de band dien is. Mar as we oant 1.00 oere de tiid hawwe, kinst dat dosearje en dat jout minder oerlêst."

Takom wike debattearret de gemeenteried hjiroer, lykas oer de kultuerfyzje, de kulturele brûsplakken en it rapport fan de rekkenkeamer oer de eveneminten.

Trefwurden: 
Ljouwert FNP Zalen Schaaf
(Advertinsje)
(Advertinsje)