Damen Shipyards skrast 173 banen yn Nederlân
Skipsbouwer Damen Shipyards, mei ûnder oare fêstigingen yn Burgum en Harns, skrast wrâldwiid 1050 wurkplakken. Yn Nederlân ferdwine der 173 banen.
Damen Shipyards is ferline jier djip yn de reade sifers bedarre. Dit hie te krijen mei ferskate probleemprojekten wêrfan't de risiko's in stik grutter wiene as earst tocht. It nettoferlies rûn dêrby op oant 287 miljoen euro.