Bylden fan 'foute' Nederlânske helden wolkom yn Aldeberkeap

As stânbylden fan omstriden histoaryske figueren earne net mear wolkom binne, kinne se altyd noch in plakje krije yn Aldeberkeap. Dat fynt Peter Hiemstra fan de Parkbossen Keunstrûte. Dy rûte bestiet út mear ferweesde bylden, dy't net mear winske binne op it plak dêr't se earder stiene.
© Omrop Fryslân
De stânbylden fan Pieter Stuyvesant, Jan Pieterszoon Coen of Piet Hein binne fan herte wolkom yn it Sterrebosch yn Aldeberkeap. Njonken bylden út Nederlân dy't fan de sokkel helle wurde, kinne ek bylden út it bûtenlân der wol in plakje krije.
It Sterrebosch is in lyts bosk mei hege bûkebeammen dêr't de ferhalen achter de bylden ferteld wurde kinne, seit Hiemstra. Dat is neffens him nedich om te soargjen dat dy ferhalen net ferjitten wurde, ek al binne se net sa fraai. Se kinne sa in edukative funksje jaan oan de keunstrûte.

Moai steltsje byinoar

Hiemstra hat al wat bylden op it each. "Hjir yn de Stellingwerven is de bertegrûn fan Pieter Stuyvesant, dy stiet yn Wolvegea. Dus dy kin as earste hjir wol hinne komme. Piet Hein is ek wol in aardich byld foar ús, mar ek bylden út it bûtenlân sa as Koning Leopold fan België of Christoffel Columbus, dy hat ek wol wat úthelle. Dan ha we sa in moai steltsje by mekoar."
De Parkbossen Keunstrûte bestiet út in rûte fan sân kilometer troch fiif parkbosken. Der stean tweintich bylden, wêrfan't fjouwer tydlik te sjen binne. Op sneontemoarn 1 augustus wurdt de edysje fan de Parkbossen Keunstrûte mei ferweesde bylden iepene.
Peter Hiemstra fan de Parkbossen Keunstrûte