Grôtfolle kitesurfplakken yn Fryslân: "Het gaat ten onder aan zijn eigen succes"

De kitesurfsport is de ôfrûne jierren gigantysk tanaam yn populariteit. De sport is feiliger en leechdrompeliger wurden. Mar it bringt ek hieltyd mear problemen mei him mei. "Je krijgt in deze drukte wel situaties waarin mensen over het strand en soms zelfs over de duinen heen vliegen. Dat kan hele nare gevolgen hebben", fertelt Koen van Bolhuis fan kitesurfskoalle Antix Sports.
kitesurfspots yn Fryslân
It is in bysûnder gesicht foar minsken dy't der minder bekend mei binne: de hûnderten kites op it wetter by Makkum, Warkum of Murns op dagen mei in soad wyn. Van Bolhuis kite sels al sûnt 2002, doe't de sport noch yn de berneskuon stie. "Toen stonden we hier met vijf mensen op het water en was het bijzonder als er nog andere kitesurfers bij kwamen. Tegenwoordig is het zelfs in de winter nog druk."

Hieltyd mear konkurrinsje

Syn kitesurfskoalle hat it drok, mar der is ek hieltyd mear konkurrinsje. Sûnt in oantal jierren hawwe kiteskoallen gjin fergunning mear nedich om op in kitespot te stean. Dêrtroch komme der no bygelyks in soad Dútsers nei de Fryske strannen om út in buske wei les te jaan. De Fryske kitespots stean bekend as de moaisten fan hiel Noard-Europa. Mar sa fielt net ien him mear echt ferantwurdlik foar bygelyks de feiligens op de strannen.
Koen van Bolhuis stiet te praten mei twa kursisten © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Wol is de sport sels in stik feiliger wurden sûnt de begjinjierren. Doe kaam de sport foaral yn it nijs wannear't der slimme ûngelokken barden. De kites hiene mar ien stân en dat wie 'gean'. As de wyn ûnder de kite kwaam, wie it lestich om ôf te remjen. Tsjinwurdich binne de kites kompleet bestjoerber en kinne je sels bepale hoe hurd oft jo gean wolle. As der dan dochs wat bart, binne der noch twa feilichheidsmeganismes ynboud dy't alle krêft fan de draak ôfhellet.
Drokte op it wetter by Mirns © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Mar mei hieltyd mear kitesurfers is de kâns op ûngelokken dochs wer grutter wurden. Foaral op it strân, dêr't minsken op en fan harren board ôf stappe, is de kâns op botsingen somtiden grut. Kiters kinne yn Fryslân ek net samar in rêstiger plak opsykje, want dat is ferbean.
"Kitesurfen in Nederland is verboden, tenzij het op een plek is toegestaan. In andere landen om ons heen is het eigenlijk precies omgekeerd: Je mag overal kitesurfen, tenzij het een verboden gebied is", leit Marco Boersma fan Kite Club Friesland út. "De kitezone wordt begrensd door gele boeien en daarbinnen moeten wij verblijven. Die locaties zijn in de jaren niet groter geworden. We moeten dezelfde ruimte met meer mensen delen. Dat levert spanningen op."

Petearpartner

Boersma rjochte yn 2016 mei oare kiters Kite Club Friesland op, om petearpartner wêze te kinnen fan gemeentes en de provinsje, om te sjen nei oplossings. Boersma kitesurft ek al sûnt de begjinjierren, mar hy jout ta dat er op drokke dagen net sa folle mear op it wetter te finen is. Dêr wol er de begjinners lykwols absolút net de skuld fan jaan. Leaver siket er nei oplossings om mear plak te kreëarjen foar wettersporters.
Kites op it gers by it strân fan Mirns © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De bêste oplossing is neffens Boersma it útwreidzjen fan besteande kiteplakken en it iepenstellen fan mear oare plakken foar de sport: "Dan moet je denken aan plekken aan het Tjeukemeer, of bijvoorbeeld Laaksum. Daarvoor zijn we nu in gesprek met de provincie."

De Spelen fan 2024

Van Bolhuis sjocht ek graach dat der mear plakken bykomme, om't it neffens him oars net goedkomt: "Er moet beter naar gekeken worden hoeveel scholen op één plek les mogen geven. Het kan natuurlijk niet zo zijn dat wij zo meteen worden weggestuurd, omdat het te druk wordt. Daarom pleiten wij ervoor om meer spots te openen."
En dat moat ek gau wêze, want yn 2024 stiet de sport foar it earst op de Olympyske Spelen. Boersma: "Dat betekent dat de sport nog meer aantrekkingskracht zal krijgen. Dat duurt nog even, maar dat betekent wel dat we nu moeten kijken naar de oplossingen. Als we daarop wachten, liggen hier over vier jaar duizend kites."