Der komt gjin lânskipsbiografy fan de gemeente Eaststellingwerf

It plan foar in lânskipsbiografy oer de gemeente Eaststellingwerf is tiisdeitejûn ôfstjitten troch in mearderheid fan de gemeenteried. It opstellen fan sa'n biografy oer de gemeente soe 97.500 euro kostje. In lânskipsbiografy fertelt it ferhaal fan in spesifyk gebiet en wat dêrfan tsjintwurdich noch yn it lânskip werom te sjen is.
Gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslan
Fan de gemeente Eaststellingwerf waard troch de Stichting Stellingwarver Schrieversronte in subsydzje fan 30.000 euro frege.
It plan wie om ynwenners en organisaasje noch mear te belûken by de gemeente. Tegearre mei inisjatyfnimmer Theo Spek moast it ferhaal foarm krije. Yn elk doarp soe in eigen wurkgroep foarme wurde. "Historische, archeologische, ecologische en sociologische informatie komen samen in één samenhangend verhaal, waar verhalen van inwoners in worden verweven." Mar it kolleezje ferwachte neat mear of minder as in 'standertwurk' oer de histoarje fan Eaststellingwerf.

Kostet tefolle

Allinnich ChristenUnie, CDA, fraksje Ter Heide en PvdA stipen it plan. Mar de oare fraksjes seagen it nut der net fan yn. Marcel Moes fan StellingwerfPLUS naam it yn in tiid fan besunigingen sels 'een schande.'
Neffens WIJLokaal wie it in soad jild foar wat 'leuks om te hebben.' Tammo Munting fan D66 naam it 'overbodig, hier zit niemand op te wachten.' Neffens GrienLinks wie it gemeentlike partisipaasjebudzjet ek net foar dit soarte projekt bedoeld.