Oprop: Ljouwert siket wer in nije stedskeunstner

07 okt 2019 - 11:50

Ljouwert siket wer in nije stedskeunstner. Sûnt 2010 hat de gemeente in stedskeunstner. Dy earste wie Marten Winters. Jamila Faber wie yn 2017 en 2018 stedskeunstner en se ropt no profesjonele keunstners op om plannen yn te tsjinjen om har op te folgjen.

Foto: Freya Eshuys

De opdracht fan in stedskeunstner is om in grutte manifestaasje en fjouwer lytsere yn de gemeente te ûntwikkeljen mei it tema meartalichheid, ferbûn oan de eigen (keunst)dissipline. Dy ynfolling fan it stedskeunstnerskip slút oan by de Legacy fan LF2018.

Betingsten

De stedskeunstner moat in profesjoneel keunstner wêze en in dúdlike link mei de gemeente hawwe. Hy of sy moat aktyf de ferbining sykje mei de Ljouwerters.

Gadingmakkers kinne har fan no ôf oan melde. De beneaming folget yn de hjerst.

(advertinsje)
(advertinsje)