Wat is it ferhaal efter it Fryske gedicht dat yn Leiden op in muorre stiet?

11 sep 2019 - 11:44

Foar wa't wolris yn de binnenstêd Leiden komt, sil it in bekend byld wêze: it gedicht Maaie op it iis dat as muorreskildering op in hûs oan de Weddesteeg stiet. Mar wat is no krekt it ferhaal efter dat Fryske ferske midden yn Súd-Hollân?

It gedicht fan Troelstra yn Leiden - Foto: Muurgedichten Leiden

De bewenner fan it hûs is Albert Kingma, in Fries dy't yn de jierren 70 nei Leiden ferhuze is foar syn oplieding. Hy leit út hoe't it gedicht der kommen is. "It is in projekt fan stichting Tegen-Beeld, dy wol allegearre gedichten fan alle talen op de wrâld op muorren sjen litte. Doe moast der fansels ek in Frysk gedicht by," seit Kingma. It Fryske gedicht wie nûmer 72, yntusken binne der mear as 100.

De Fryske Krite woe graach in Frysk gedicht op de muorre hawwe. Atsma, de foarsitter, fûn dat it wol in gedicht fan in bekende Fries wêze moast. Tegen-Beeld kaam earst mei in gedicht oer neiteam, mar ik tocht: dat moat net op it hûs. Ik fûn dat it wat mei wetter en reedriden te krijen hawwe moast."

Troelstra

Lang om let is it in gedicht wurden fan Pieter Jelles Troelstra út 1881. It gedicht is net samar in beskriuwing fan in dei yn de winter, mar ek in ekspresje fan de Fryske folksaard. Troelstra fielde him tige ferbûn mei de Fryske taal en kultuer.

"It is yn in moaie typografy makke en de skilder is Jan Willem Bruins. Hy hat ek yn Parys west, dêr't hy ek gedichten op muorren setten hat." Kingma fynt it leuk dat it gedicht op it hûs sit. "It is aardich om te sjen en it is leuk foar de stêd. Sa is der wat te dwaan. Benammen Friezen binne wolris ferheard, mar sy fine it wol moai."

Albert Kingma fan Leiden oer it Fryske gedicht

De tekst fan it gedicht:

MAAIE OP IT IIS

Joech de maitiid folle wille,
Ek de winter is my djoer;
As 'k dy sjoch, sa moai en krigel,
D' eagen fol fan heger fjoer.

Mei de faam der oer te waaien,
Wat in wille foar in Fries!
Binn' de beammen keal en neaken-
Dat is: maitiid op it iis.

Mear oer it gedicht is te finen op de webside fan Muurgedichten Leiden.

(advertinsje)
(advertinsje)