45e Frysk Bûsboekje presintearrre by klokmakker

26 aug 2019 - 19:11

It Fryske Bûsboekje bestiet 45 jier en wol yn it jubileumjier wat aparts dwaan. It bûsboekje hat alle jierren in tema en foar takom jier is dat 'tiid'. De presintaasje fan it bûsboekje 2020 wie moandei by klokmakker Tjitte Talsma yn Aldtsjerk dy't ek oer syn fak fertelde. De betinker fan it bûsboekje, Durk van der Schaaf, krige it earste eksimplaar.

Foto: busboekje.frl

It bûsboekje wurdt alle jierren troch 3500 minsken kocht. It wurdt útjûn sûnder subsydzje. It tal keapers nimt wol ôf, mar der binne noch altyd in soad minsken dy't it graach yn de bûs of tas hawwe, fertelt Adalgard Willemsma dy't yn de bûsboekjekommisje sit.

Elk jier hat de Fryske aginda in tema en dit jier is it 'tiid'. Achterlizzende gedachte is de diskusje oer simmer- of wintertiid. Wêr kieze wy foar? Foar de simmer- of de wintertiid?

De bûsboekjekommisje docht ek in oprop foar it ynstjoeren fan gedichten foar in poëzykriich. De fersen mei oeral oer gean. Ynstjoere kin oant 27 oktober, want dan giet de wintertiid yn. De earste priis is publikaasje yn it bûsboekje fan 2021.

It bûsboekje is rûnom yn de provinsje te krijen by boekhannels en vvv-kantoaren, mar ek te bestellen op bûsboekje.frl.

Trefwurden: 
Frysk bûsboekje
(advertinsje)
(advertinsje)