Sytse Bokma wint Keningsljeppen fol rekôrs yn Burgum

20 jul 2019 - 22:16

Sytse Bokma fan Hylpen hat sneontejûn it Keningsljeppen op 'e skâns yn Burgum op syn namme skreaun. Mei in ôfstân fan 20.41 meter wie er yn de finale better as Bobby Zwaagman fan Drylts (19.51) en Ysbrand Galama fan Warkum (19.34).

It wie in bysûndere sneontejûn yn Burgum, mei in soad persoanlike rekôrs. Sa ljepten Thewis Hobma en Ysbrand Galama foar it earst boppe de 21 meter: 21.34 en 21.21. Hobma einige yn de finale lykwols net yn de top trije. Mar dat sit de Harnzer net in momint dwers, want syn jongesdream is útkaam en de kroan is op syn fierljepkarriêre set mei it trochbrekken fan de magyske 21-meter grins.

By de froulju pakte krektlyk as ferline jier Sigrid Bokma de Keninginne-titel. Yn de finale ljepte se nei in ôfstân fan 14.98 meter. Dêrmei bleau se Anna-Jet Leyenaar fan Drylts (14.25) en Femke Rispens (14.04) fan Niehove foar. Bokma hie yn de foarronde har trije jier âlde PR fan 16.10 m ferbettere nei 16.26 m.

'Hattrick' foar It Heidenskip

Rutger Haanstra fan It Heidenskip wie mei 17.04 meter yn de finale 'Prins' fan Burgum. Yn de foarronde ljepte Haanstra ek al it fierst: 17.84 meter. Alle trije titels gienen dus mei nei It Heidenskip. Wytse Steensma fan De Jouwer (16.83) en Riemer Durk Krol fan Heech waarden respektyflik twadde en tredde.

Winner Sytse Bokma

Foto: Martin de Jong Fotografie
(advertinsje)