FFA organisearret filmmaraton oer Alvestêdetocht

08 feb 2019 - 22:53

It Fries Film Archief hat freed by Tresoar yn Ljouwert in filmmaraton oer de skiednis fan de Alvestêdetocht hâlden. Yn twa sesjes fan fiif oeren binne filmbylden fan tachtich jier Alvestêdetocht (fan 1917 oant 1997) foarby kommen. Dat barde omdat it freed 8.071 dagen lyn is dat der foar it lêst in Alvestêdetocht hâlden waard, op 4 jannewaris 1997.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Steande ovaasje

Noch nea earder hat Fryslân sa lang sûnder Tocht der Tochten sitten. It âlde rekôr stie op 8.070 dagen, tusken de tochten fan '63 en fan '85. By de earste fertoaning kaam Reinier Paping del. It publyk yn de seal joech de winner fan de Alvestêdetocht fan 1963 in grut applaus.

Sjoerd Swierstra

By de twadde sesje wiene famyljeleden fan Sjoerd Swierstra yn de filmseal oanwêzich. Swierstra kaam fan Weidum en waard yn 1912 tredde en yn 1917 twadde by de Alvestêdetocht, beide kearen efter winner Coen de Koning.

Pakesizzers Sjoerd en Gerritje hawwe genoaten fan de filmbylden. "Ik kom echt út in reedriderslaach. Dat hat my hjirhinne brocht", fertelt Sjoerd. "De prestaasjes fan myn pake en heit spylje hjiryn in grutte rol."

Sjoerd en Gerritje Swiersta oer harren pake

Sels hat er fiif jier lang langebaan riden en yn de Fryske seleksje sitten. Sjoerd stie yn 1985 yn de rige om him yn te skriuwen foar de Alvestêdetocht. "It wie doe sa'n grutte gaos dat ik my weromlutsen ha. Dat jier is oan my foarby gien. Ik ha der in ferskriklik soad spyt fan en hie 'm graach ride wollen", fertelt Sjoerd mei in soad emoasje.

Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren joech kommentaar by de earste tochten. Hy hat koartlyn ek it boek '8070 dagen - Wachten op de Elfstedentocht' skreaun.

(advertinsje)