Sliepe yn in sântrechter? It kin yn Harns

02 jan 2019 - 06:31

Sliepe yn in sântrechter? It kin yn Harns. De grutte, reade trechter yn de Willemshaven iepenet letter dit jier syn doarren as Hoteltrechter. Of as Trechterhotel. Nei it Fjoertoerhotel en it Kraanhotel is dit it tredde 'nuvere' sliepplak yn it Harnzer havengebiet, dat hielendal opknapt wurdt.

Tonnen en tonnen sân giene der eartiids troch de trechter hinne. It is de orizjinele trechter dy't yn it ferline yn it havengebiet stie, op presys itselde plak as doe. Dat makket it projekt neffens eigener Marcel Bambach sa unyk. Hy ferbout de trechter hielendal sels.

Bambach wie net de earste mei it idee foar in trechterhotel. In oare ûndernimmer, Jellie Tichelaar, hie earder al plannen mei de trechter. Doe't sy der mei ophâlde, naam Bambach it inisjatyf oer.

Trechterhotel

Aardich op streek

De bou is al aardich op streek, mar it trajekt hat noch wol wat hobbels kend. Sa wie it in hiel wurk om te kommen ta in goeie tekening. De tredde ferzje waard úteinlik goedkard troch de ynstânsjes. Ek it wurk yn de trechter foel net altyd ta. Der binne in soad ûneffenheden dêr't rekken mei hâlden wurde moast.

Nutsfoarsjennings bygelyks binne net sa maklik oan te lizzen, om't de trechter bûten de kearmuorre stiet. Mar dat probleem is yntusken oplost en de trechter krijt hieltyd mear foarm.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Net de earste

Yn Nederlân binne noch twa trechters omboud. Ien as kantoar en de oare ek as hotel. It ferskil is dat dizze beide trechters folle moderner binne. De trechter yn Harns wurdt safolle mooglik autentyk litten om de sfear fan de haven út te strielen.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Flecht op 'e koai

De bou leit no op skema. Yn jannewaris komme de kezinen der yn. Yn de trechter komme op in oerflakte fan sa'n 8 by 6 meter in jacuzzi, in bêd en sanitêr. Heal april moat it hotel klear wêze. Yn juny kinne de earste gasten in nacht trochbringe yn de trechter. Der is al aardich flecht op 'e koai, seit Bambach.

Eigener Marcel Bambach oer de trechter

(Advertinsje)
(Advertinsje)