Nije hierder sil Zalen Schaaf kommend jier nij libben ynblaze

21 des 2018 - 16:50

Yn 2019 sil Bobby Veenstra, tegearre mei Stichting Vrienden van Schaaf, de programmearing en aktiviteiten yn Zalen Schaaf fersoargje. Veenstra organisearre ûnder oare ek de Charles Dickensfestijnen en Promised Land. Hy sil de lokaasje tydlik hiere oant 31 desimber 2019. Nei ferwachting is dan de útslach fan de nije priisfraach foar de takomst fan Zalen Schaaf bekend.

Foto: Google Streetview

De hjoeddeiske hierder fan it gebou sei yn septimber tsjin de gemeente dat er yn 2019 net langer gebrûk meitsje woe fan de lokaasje. De nije hierder eksploitearret Schaaf ûnder deselde betingsten as de ôfrûne jierren.

Foar de iepeningstiden betsjut dat dat de aktiviteiten om 23.00 oere einigje moatte en dat 40 wykeinen yn it jier op freed en sneon oant 00.30 oere aktiviteiten plakfine meie. Seis kear yn it jier kin ûntheffing ferliend wurde foar insidentele aktiviteiten.

Nije priisfraach

Op fersyk fan de gemeenteried is de priisfraach fan novimber 2018 foar de takomst fan Zalen Schaaf ynlutsen en wurdt der in nije priisfraach betocht. Hjirby mei de sloop fan Schaaf gjin opsje wêze en moat der mear klam lizze op in multyfunksjonele, kulturele en sosjale ynfolling. Ek wol de gemeenteried in ynfolling yn de jûnsoeren mooglik meitsje.

Speelmanskwartier

Dêrfoar moat de fisy foar it Speelmanskwartier oanpast wurde. De ambysjes en rânebetingsten foar de yn novimber útskreaune kompetysje kamen nammentlik foar in grut diel út dizze fisy. De fisy waard tegearre mei de buert ûntwikkele en is yn jannewaris 2015 fêststeld. Dizze oanpassing wol de gemeente begjin 2019 dwaan. Op basis fan de oanpaste fisy skriuwt de gemeente in nije priisfraach út.

(advertinsje)
(advertinsje)